CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage 2 - Sjenswizenota

Raadsvergadering 23 november 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Bestimmingsplan ‘Gauw-Boeijengastrjitte 34’344 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Sjenswizenota bestimmingsplan “Gauw-Boeijengastrjitte 34” De sjenswize Der is in sjenswize ynkommen fan inisjatyfnimmer. By neier ynsjen wurdt frege de berging efter de besteande wenning út te wreidzjen fan 100 m2 nei 190 m2 lykas oanjûn op de ûndersteande situaasjetekening.

Reaksje op de sjenswijze Yn it ûntwerpbestimmingsplan hat it perseel de bestimming “gemengd”. Yn artikel 3.2.2 ûnder a.2 is fêstlein dat it totale oerflak fan byhearende bouwurken en oerkappings by in haadgebou net mear wêze mei dan 90% fan de haadfoarm fan it haadgebou, mei in maksimum fan 100 m2 dan wol op syn meast it besteande oerfklak as dy mear is. Lykas hjirfoar oanjûn, binne wy konform de rigels útgien fan 100 m2 foar de berging. Nei ús betinken moat hjir oan fêsthâlden wurde. Yn syn algemienens wurdt yn ús hânboek binnen de bestimming “Gemengd” útgien fan dit oerflak. Ut eachpunt fan de presedintwurking en konsistint belied sjogge wy gjin arguminten om hjir fanôf te wiken. Dêrneist sil op de lokaasje Boeijengastrjitte in lyts wenwykje realisearre wurde. Wy fine in berging mei in volume fan 190 m2 romtlik/stêdeboukundich net pasjen yn de nije opset. De útwreiding hat in behoarlik negative ympakt op it strjitbyld. Yn syn algemienheid jildt als útgongspunt dat bergingen kwa oerflak mar ek kwa situearing ûndergeskikt wêze moatte oan it haadfolume. Dit om romtlik/stêdeboukundich út te gean fan in lykwichtige situaasje. En dat ek yn relaasje ta it strjitbyld. By de yn it bestimmingsplan opnommen berging fan 100 m2 is dat al in bytsje twifeleftich.

De situaasje mei in berging fan 190 m2 wurdt allinnich mar fersterke no’t as gefolch fan it ferlengjen fan de berging de negative ympakt op de nije ûntslutingsdyk tanimme sil (les strjitbyld) en dat jildt fansels ek foar de nij te bouwen wenningen. Al mei al binne wy fan betinken dat wy fêsthâlde moatte oan it oerflak fan de yn it bestimmingsplan opnommen berging (100 m2). Wy hawwe de hjirfoar opnommen reaksje dield mei de inisjatyfnimmer mei de fraach om in reaksje. Fan dizze gelegenheid is gjin gebrûk makke.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/13364996/1