CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

9. TV RAAD FNP I antwurden

Raadsvergadering 3 juni 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Tariedingsbeslút geitenhâlderij402 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Sicco Rypma FNP Súdwest-Fryslân

Ried DSO Datum:

Tongersdei 3 juny 2021

Agindapunt: Underwerp:

9 Tariedingsbeslút geitehâlderij

Fraach 1 : Ynlieding. - Der binne trije oanfragen foar in geitehâlderij yntsjinne lêze we. Guon fan dizze ûndernimmers hawwe nei in lange yntinsive tarieding de oanfraach yntsjinne om oan de easken te foldwaan. Der binne ek al in protte kosten makke. - It beslút fan de gemeenteried fan Weststellingwerf om in stop yn te stellen wurdt no as foarbyld brûkt. Mar net it beslút dat yn Weststellingwerf in rinnende oanfraach út De Hoeve wol yn behanneling nommen wurdt. Fraach. Hat it kolleezje oerwoegen om rinnende oanfragen wól yn behanneling te nimmen? Graach in taljochting. Antwurd: -

De rinnende oanfragen wurde/binne al yn behanneling nommen. It riedsbeslút om al as net in tariedingsbeslút te nimmen hat gjin direkt effekt op dizze rinnende oanfragen. De datum fan yntsjinjen fan de oanfraach is hjir liedend.

Fraach 2: - Sitaat. Een voorbereidingsbesluit bevriest de situatie tijdelijk (maximaal een jaar) voor wat betreft de geitenhouderij. Dit biedt tijd en ruimte voor nader onderzoek. Indien gewenst kan er binnen de looptijd van het jaar een nieuw voorbereidingsbesluit genomen worden. - Fraach. Lit it kolleezje dat ‘nader onderzoek’ dwaan? Sa ja, wannear? - Fraach. Hoe moatte we ‘indien gewenst’ lêze? En wa bepaalt oft it wol of net gewenst is? Graach in taljochting.

Antwurd: Der rint no al fierder ûndersyk. Soks docht it kolleezje net sels, mar lit it oer oan saakkundige partijen, dy’t hjiroer lanlik advys jouwe, lykas it RIVM. Dêrby wurdt ek sjoen nei mooglike lokale effekten.

Mei ‘indien gewenst’ wurdt oanjûn dat hjirfoar in nij riedsútstel makke wurde sil. ‘Indien gewenst’ moat dan ek lêzen wurde as ‘indien de gemeenteraad hiertoe besluit’. Tusken no en in jier fierder, juny 2022, kin der in protte feroare wêze. Fansels sille de feiten en omstannichheden fan dat momint bepale of der in nij tariedingsbeslút nedich achte wurdt. Fraach 3: - Pas doe’t it Tariedingsbeslút yn de LC fan 28 maaie 2021 stie, wiene de yntsjinners op e hichte fan it foarnommen beslút. - Fraach. Fia hokker offisjele wegen is dit foarnommen beslút publisearre? Antwurd: De wurklist fan de riedsfergaderingen wurdt bekend makke op de webside fan de gemeente en op overheid.nl. Dat wie no krekt sa as oars. Foar dit stik jildt wol dat it neistjoerd is en dat foar dizze wurkwize tastimming frege is fan de fraksjefoarsitters.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10219994/1