CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

9. TV FNP - antwurden

Raadsvergadering 23 december 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: ‘Verordening tot tweede wijziging van de Algemene Plaatselijke Verordening 2021 gemeente Súdwest-Fryslân’315 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Douwe Blom FNP

Kommisjegearkomste

BF

Datum:

9 desimber 2021

Agindapunt:

13.

Underwerp:

Oanpassing artikel 2:73a (karbidsjitten)

Fraach: - Der wurdt sprutsen fan feroare ynsichten as it giet om de tiden foar it karbidsjitten. Graach in taljochting

wat dizze ynsichten binne. Antwurd: Yn it oerlis fan de boargemasters yn Fryslân is der op advys fan de plysje ôfpraat om de eintiden safolle mooglik op inoar ôf te stimmen. Dat is ferstannich mei it each op de hanthavening fan de iepenbiere oarder en de druk op de helpferlieningstsjinsten rûn de jierwiksel. Alle Fryske gemeenten, op ien nei, hawwe dat dien; allinnich Eaststellingwerf hat de tiden net oanpast. Fraach: - Utgeande fan it wizige artikel. Oant wannear kin it kolleezje komme mei oare tiden fan de yn it artikel sels

neamde tiden? En op welke wize sille dizze bekend makke wurde? Antwurd: It belied om de jierwiksel hinne is algemien bekend makke, sjoch op Overheid.nl het Gemeenteblad fan 30 novimber 2021, nummer 431496 (https://zoek.officielebekendmakingen.nl/gmb-2021-431496.html). De Beliedsregels karbidsjitten sille, nei it fêststellen fan de twadde wiziging fan de APV, ek noch apart bekend makke wurde. De beliedsregels en dus ek de nije tiden binne ek noch streekrjocht kommuniseard mei de ferskate karbidkomités. Yn prinsipe kinne de tiden op it lêste stuit, ein desimber, noch wizige wurde, mar it leit net foar de hân dat dit barre sil (omdat de ferwachting is dat de belutsen ynstansjes yn it twadde part fan desimber net ta in oar ynsjoch komme oer dizze kwestje). Fraach: - Is der ek oerwage om dit artikel gelyk te lûken mei dy fan de oare Fryske gemeentes? Wêrom kiest it

kolleezje der foar om hjiryn ôf te wiken? Antwurd: Sjoch fraach 1. Hast alle gemeenten hawwe no 18.00 oere as eintiid. De Fryske Marren giet al jierren út fan 17.00 oere.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10908316/2