CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

9. TV FNP - antwurden

Raadsvergadering 31 maart 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Keuzedokumint útfiering Partisipaasjewet yn Fryslân-West1.369 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Jikkie Ruiter Postma FNP

Kommisjegearkomste BM Datum:

17 maart 2021

Agindapunt:

5

Underwerp:

Keuzedokumint útfiering Partisipaasjewet yn Súdwest-Fryslân

Fraach: De subtitel fan it keuze dokumint seit: ‘De toekomstige uitvoering van de P-wet nader beschouwd. In skôging dus fan de takomstige feroarings. Yn it Keuzedokumint wurdt ús lang net alles dúdlik hoe it der yn de takomst út komt te sjen. Kin we hjir mear ynformaasje oer krije? Mei oare wurden, hoe dogge we it no en hokker mooglikheden binne der om te ferbetterjen en de útdaging oan te gean om mei minder jild mear minsken te begelieden nei wurk? Antwurd: Lykas by de presintaasje oanjûn is moatte de ûndúdlikheden yn it bedriuwsplan (de ‘businesscase’) útwurke wurde. De takomst is, by gelykbliuwende ryksregelingen, yn elts gefal in lytser SW-bedriuw. Ek moatte we ûnder eagen sjen dat mei minder jild net mear minsken nei wurk begeliede wurde kinne. Sjoen de problematyk yn de desintralisaasjes is goed dúdlik wurden dat it mar tige beheind slagget om mear minsken te helpen mei minder jild. Fraach: De taakstelling fan SWF is: te gean nei struktureel 210 wurkplakken. Hoe wis is dat we mei dizze keuze ( leer wurkbedriuw) dizze de taakstelling helje? Hokker arguminten ha de trochslach west om te kiezen foar in leer werkbedriuw? Antwurd: It oantal fan 210 is foar alle gemeenten yn de GR, net allinne foar SWF. It is gjin taakstelling, mar in realiteit, wêroan de wurkwize oanpast wurde moat.

Dit, tegearre mei de opdracht yn de Participatiewet om minsken safolle mooglik nei sa regulier mooglik wurk te begelieden, binne de basisarguminten om ta in wurklearbedriuw te kommen (sjoch ek de postion paper en de brede ferkenning). Fraach: Begjinsels: Mensen blijven zich ontwikkelen op een manier die past bij de levensfase waarin ze zich bevinden. Daarom geven we geen indicaties voor het leven af: maatwerk staat voorop.

Moat de yndikaasje dan eltse kear wer opnij besjoen wurde. Ek as dúdlik is dat der neat feroarje sil? Antwurd: Dit is in finger oan de pols fanút de rezjyfunksje fan de konsulinten. It betsjut net dat der eltse seis moanne in nije yndikaasje steld wurdt, mar dat de feroaringen sjoen wurde en meinommen. Fraach: De samenwerking in Fryslân-West geven we vorm in een publieke organisatie. Via de governancestructuur van die organisatie kunnen de gemeenten voldoende sturing geven aan de uitvoering en de bedrijfsvoering. Wer út blykt dat de gemeenten foldwaande stjoering jaan kinne oan de útfiering en de bedriuwsfiering? Antwurd: Jo sille hjiroer oardiele kinne as it bedriuwsplan en de op ’e nij besjoene gouvernance oan jo foarlein wurdt. Oer beide kinne jo in beslút nimme. Fraach: Fyzje: Bij de uitvoering kennen we drie categorieën deelnemers: Kansrijk, Perspectiefrijk en Van Waarde. De doelgroepen krijgen op grond van hun mogelijkheden een maatwerktraject dat past bij de desbetreffende categorie. We maken bij de beoordeling van de arbeidsinschakeling geen onderscheid naar doelgroepen, zoals arbeidsmigranten of leerlingen van het voortgezet speciaal onderwijs en praktijkonderwijs. We gaan uit van de mogelijkheden van de mens. As je minsken yndiele yn kategoryen, dan is der in reëel gefaar dat minsken yn de ferkearde kategory yndielt wurde.

Troch wa ( professionals?) wurde de dielnimmers yndield en op hokker wize wurdt dat dien? Wurde dizze meiwurkers ( dy’t de minsken yndiele....) hjir ek yn schoold? En hoe wurdt der foar soarge dat dizze ynwenners maklik ‘skowe’ kinne binnen de kategoryen? M.a.w. hoe biede we maatwurk oan ús ynwenner? Antwurd: Dit wurdt dien troch hjirfoar betûfte meiwurkers, lykas no en eartiids. De boppeneamde finger oan de pols sil gau dúdlik meitsje dat der in wiziging nedich is of dat der foarútgong (of somtiden efterútgong) is dy’t in oare yndieling nedich makket. Fraach: Ambysje: It wier meitsje fan de ambysjes hinget m.n. bij kânsryk en perspektiefryk ek ôf fan de wurkjouwers. Bekend is dat der in match wêze moat tusken de wurkjouwer en de wurknimmer. As der sprake is fan bij gelyks autisme is it ferstandich om de wurkjouwer en harren wurknimmers hânfetten te jaan hoe it beste mei de wurknimmer omgean wurde kin. Is hjir oandacht foar, bij gelyks troch begelieding en/of oplieding of training binnen dizze bedriuwen? Antwurd: Jawis, dêr is no omtinken foar en der is gjin inkele yntinsje om dy ferslopje te litten, earder it tsjinoerstelde. Fraach: Útgongspunten: Om dit mogelijk te maken is wel een aanpassing van de doelstelling, taken en structuur van het SW-bedrijf nodig. Ook zal een nieuwe balans met de taken van de gemeenten gevonden moeten worden.

Is der al oerlis west mei Empatec, wat binne de gefolgen foar de wurknimmers fan Empatec. Empatec is uitgebreid betrokken geweest bij het opstellen van de position paper, het keuzedocument en zal dat vanzelfsprekend ook zijn bij de businesscase. De rechtspositie van de

SW werknemers van Empatec is wettelijk gewaarborgd. Als het aantal SW’ers daalt, zal dat natuurlijk wel effecten hebben op de aantallen begeleiders.

Wannear is ien arbeidsfit? Arbeidsfit is een schaal, niet een punt. De benoemde doelgroepen hebben allemaal een positie op die schaal. Banen-afspraakbanen, gjin middelen foar..... Falle dizze minsken dan tusken wâl en skip? Antwurd: Dizze minsken falle dan ûnder it ynkommensdiel fan de Participatiewet. Mar der sil nei alle gedachten net genoch jild wêze om harren allegear oan in SW-eftige baan te helpen, of it moat wêze dat de reguliere wurkjouwers ree binne minder produktive wurknimmers sûnder ynkommenstipe yn tsjinst te nimmen. Dy kâns wurdt lyts achte. Dit lanlike byld is om reden fan dat in protte partijen yn de Twadde Keamer it op ’en nij besjen fan de P-wet foar eagen hawwe. Fraach: Wannear en troch wa binne de kaders dy’t beskreaun wurde yn it Keuzedokumint fêststeld? Antwurd: De kaders binne in trochûntwikkeling fan de position paper en de brede ferkenning (fêststeld dan wol foarlein oan de rieden) wêroer wiidweidich amtlik en bestjoerlik oerlis west hat. It Keuzedocument is fêststeld troch de stjoergroep en dêrnei troch de kolleezjes mei posityf advys oan jo foarlein. Fraach: Bij de ynfo jûn joech mw. Zwager oan dat der in rjochtstreeks ferbân is tusken kosten en oantallen. Dat soe betekenje dat wij as ried stjoere kinne op de oantallen.

Mar hoe dogge we dat? Wat foar keuzes ha we hjir yn? En hoe meitsje we dizze keuzes? Want at it SW bedriuw de doelgroep net tsjinnet, dan sil dat dochs op it board fan de gemeente komme. Antwurd: It is oan de ried in beslút te nimmen hoefolle jild it boppe op de ryksydrage, dy’t jierliks ôfnimt, tafoegje wol. De kosten it yndividu, as der gjin ryksbydrage foar dy persoan ynbard wurdt, binne minimaal it tsienfâldige fan de hjoeddeiske 2000 euro it SW. Fraach: ‘Raakt rol en taak gemeentelijke gebiedsteams... Graach oanjaan op hokker gebieden dizze keuze de rol en taak rekket. Antwurd: Dizze fraach is beantwurde ûnder de ynformaasjejûn. Taken tusken wurklearbedriuw en gebiedsteams wurde yn byld brocht en ferdield. Ek by de oare dielnimmende gemeenten wurdt dit yn byld brocht. Lokaal binne der op dit momint ferskillen tusken de gemeenten. Foar ús gebiedsteams ferwachtsje wy gjin grutte ferskowingen; de gebiedsteams dogge de brede fraachferheldering en hâlde de rezjy. Dat bliuwt sa. Foar re-yntegraasje wurkje wy no tegearre mei oare partijen, wêrûnder Empatec, mar ek oare oanbieders. Dy taken ha wy no oanbestege. Op basis fan it Keuzedocument wolle we dy opdrachten safolle mooglik belizze by Empatec. Fraach: Boppesteande fragen jouwe oan dat der noch in protte ûndúdlik is ... Boppedat misse we foaral: De ynfloed dy’t dizze keuze hat op de posysje fan de doelgroep.

Wat betsjut de keuze dy’t it kolleezje foarsteld konkreet foar dizze doelgroep. Wat is foar dizze minsken in ferbettering, wat wurdt minder...?

Antwurd: De posysje fan de âlde SW’ers feroaret net, dat is wetlik fêstlein. Wol binne der feroaringen yn it SW-bedriuw nedich. Der bliuwt in fangnet foar de meast kwetsbere doelgroep, yn de foarm fan Nieuw Beschut. It tal Nieuw Beschut wurkers komt rûn de 210 foar alle dielnimmende gemeenten. Oare minsken dy’t ta de doelgroep hearre, mar minder begelieding nedich hawwe krije in baan by reguliere wurkjouwers. Fansels mei begelieding fan it Wurklearbedriuw. Dat is de essinsje fan it kardokumint.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/9904895/3