9. TV CIE FNP - oanfullende fraach antwurd
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter Postma FNP
Kommisjegearkomste Boarger en Mienskip Datum:
18 jannewaris 2023
Agindapunt:
6
Underwerp:
Slúting OBS De Fôlefinne te Easterwierrum
- dank foar de rappe beäntwurding fan de earste technyske fragen oangeande de sluting fan de Fôlefinne. Dit hat dúdlikheid jûn. Mar hat ek wer in nije fraach opsmiten Yn de antwurden op de technyske fragen lêze we: ….Bij brief van 2 december 2022, welke is toegevoegd aan het raadsvoorstel, welke is ontvangen op 8 december 2022, verzoekt schoolbestuur KyK om OBS De Fôlefinne te Easterwierrum op te heffen per 18-2023 in verband met krimp van het aantal leerlingen. En het niet realiseren van een voorgenomen centrale streekschool, maar in te zetten op revitalisering van de fusieschool OBS De Bûtensprong te Boazum. Yn de bylage bij de antwurden fan de technyske fragen lêze we: ....De MR van OBS de Fôlefinne is in oktober 2022 op de hoogte gesteld van het eerdere besluit van de gemeente Súdwest-Fryslân om het plan tot het realiseren van een centrale streekschool niet verder te willen doorzetten Fraach: - Hjir is sprake fan in ferskil ( skoalbestjoer/ gemeente) yn troch wa it beslút nommen is om net fierder te gean mei it realisearjen fan in sintrale streekskoalle. Graach útlizze hoe of we dat ynterpretearre moatte en wa hokker ferantwurdlikens en mandaat hat? Antwurd: - De oanbelangjende passaazje wêryn 't de meisizzenskipsried fan de skoalle ferwiist nei in beslút fan de gemeente is net korrekt, omdat de gemeente hjiroer gjin beslút naam hat. It skoalbestjoer KyK wol.
Dat is by it beäntwurdzjen fan de earder stelde fragen útinoarset by fraach 1. Skoalbestjoer KyK hat ek konstatearre dat de oanbelangjende passaazje net goed is, mar de meisizzenskipsried woe gjin oanpassing mear dwaan yn harren brief oan it skoalbestjoer KyK en dêrom is de passaazje yn stân bleaun.