9. TV CIE FNP I antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Rene van der Ley FNP
Kommisjegearkomste Datum:
18-9-2023
Agindapunt:3 Underwerp:
Bestimmingsplan ‘Buitengebied Súdwest-Fryslân I’
Fraach: - 69. Eastwei 50, 8606 JZ te Sneek “De oplossing zou kunnen zijn om het bouwwerk onder de bestemming ‘Wonen – Woonboerderij’ te brengen. Daarvoor moet het bestemmingsvlak fors worden uitgebreid wat vervolgens meer bouwmogelijkheden zou bieden dan alleen dit bestaande gebouwtje. Deze (nieuwe) gebouwen komen dan voor de voorgevel wat niet wenselijk is.” In oare oplossing is om de ôfmjitting (6x6x2,5) fan it rêstpunt/túnhúske yn de bestemen. Ipv it hiele bestimmingsflak foars te fergrutsjen. Is dat mooglik en sa nee wêrom net? Antwurd: - Dat soe in mooglikheid wêze kinne mar romtlik hat it geboutsje gjin inkele relaasje mei de oare bebouwing. En wat moatte fansels tinke oan de presedint wurking. Wat de iene mei, mei de oare ek. Dat kin wol ferrommeling jaan yn it bûtengebiet. Wy bliuwe weromhâldend. Fraach: - De ynsprekker fan sjenswize 87 BGB-1 jout 5 septimber yn de kommisje DSO oan ferkeart sitearje te wêzen yn de reaksje nota. “Belanghebbende vraagt de overheid in zijn algemeen om de agrarische sector niet alleen met woorden, maar ook met daden te steunen.” Yn de sjenswize wurd de klam echt op de biologyske lânbou sektor lein. En net de agraryske sektor yn it algehiel. Kin in sitaat yn de reaksjenota noch oanpast wurde? Antwurd: De reaksjenota wurdt fêststeld troch de gemeenteried. Dizze sjocht dan op de reaksje op de yntsjinne sjenswizen.
Yn it gefal dizze reaksje (op ûnderdielen) oars wurde moat, dan kin dit troch de mearderheid fan de gemeenteried oanpasse wurde. Ynhâldlik sjoen is de oanpassing gjin beswier om’t de útkomst hjir net oars fan wurde sil. In biologysk agrarysk bedriuw falt ‘gewoan’ ûnder de agraryske bestimming.