CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

9. Moasje FNP, GBTL I karbidsjitten

Raadsvergadering 23 december 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Aangekondigde moties en/of amendementen271 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE (kêst 31 RvO) Kar: Nei oanlieding fan agindapunt fan de ried nr. 9 Moasje oer in net op de aginda opnommen ûnderwerp. Fan

:

Douwe Blom (FNP) GBTL

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Ûnderwerp

:

Karbidsjitten

Datum riedsgearkomste

:

23 desimber 2021

It beried heard; − Dat mei de wiziging fan de algemiene pleatslike feroardering it foech om de tiden fan Karbidsjitten fêst te stellen by it kolleezje komt te lizzen − De feiligensregio de Fryske gemeenten fersocht hat de tiden fan it Karbidsjitten rûnom yn Fryslân gelyk te lûken mei it each op it hanthavenje − Der al neiere beliedsrigels binne oangeande it Karbidsjitten dy’t boargje moatte dat dit ferantwurde plakke fine kin − Dat de ried 29 april fan 2021 de Erfguod nota oannommen hat en nei oanlieding fan de Erfguodnota ûndersyk plak fynt nei wat needsaaklik is kwa yntegraasje fan gemeentlik belied oangeande materieel mar ek ymmaterieel erfguod Yn betinken hâlde dat: − Karbidsjitten net gelyk is oan it ôfstekken fan fjoerwurk − It Karbidsjitten in Aldjierstradysje is dy’t rûnom yn ús gemeente fierd wurdt, mar ek rûnom yn Fyslân en neistlizzende provinsjes − Tradysjes fan generaasje op generaasje trochjûn wurde en dermei in ferbinende skeakel foarmje yn’e mienskip − By it ôfwaagje fan tiden en rigels net allinne de belangen fan it hanthavingsapparaat foarop stean moatte

Diktum: − ropt it kolleezje op om it Karbidsjiten fêst te lizzen as ymmaterieel kultureel erfguod en te yntegrearen yn it gemeentlik erfguod belied; en giet oer ta de oarder fan de dei. Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten

……………………………………………… Griffier

Stemverhouding CDA Voor Tegen

PvdA

FNP

VVD

GBTL

GL

CU

D66

De Wind

Semplonius

Poiesz Zijlstra

Greidanus

TOTAAL

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10973148/1