CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

8. TV CIE FNP - antwurden

Raadsvergadering 8 mei 2025, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: ‘Voorjaarsnota’1.327 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Thea Hoekstra-Vleer : FNP

Kommisjegearkomste/Ried

: B&M

Datum

: 16 april 2025

Agindapunt

:5

Underwerp

: Maitiidsnota

1.

Yn de maitiidsnota stiet by de behearsmaatregels Jeugdsoarch dat it ûnderwiis yn soarchbuorkerijen net langer betelle wurde sil troch de gemeente. Learlingen dy’t op in soarchbuorkerij binne ta ferfanging fan ûnderwiis moatte werom nei skoalle (Amtlik wurkboek KS, side 80/81 7d). Hoefolle learlingen út it spesjaal basisûnderwiis, regulier ûnderwiis en spesjaal fuortset ûnderwiis meitsje op it stuit gebrûk fan ûnderwiis op in soarchbuorkerij? Antwurd: Wannear't in bern in yndikaasje krijt foar in soarchbuorkerij, dan wurdt dit fergoede troch de gemeente (jeugdhelp-kosten), omdat dit as jeugdsoarch sjoen wurdt (en ek is). Wy sjogge dêrby wol de trend dat der hieltyd mear ûnderwiis jûn wurdt op soarchbuorkerijen en de soarchbuorkerij ynset wurdt as ferfangend ûnderwiisplak, omdat der gjin dekkend oanbod passend ûnderwiis is. Underwiis falt net ûnder jeugdhelp-kosten, dêrom wolle wy tawurkje nei in mienskiplike finansiering mei it ûnderwiis. It is dus net sa dat wy as gemeente it net langer betelje, wy betelje altyd de ynset fan in soarchbuorkerij, mar wy wolle dêr wêr’t sprake is fan ûnderwiis in mienskiplike finansiering. It organisearjen fan in dekkend oanbod passend ûnderwiis is nammentlik de ferantwurdlikheid (en wetlike opdracht) fan de gearwurkingsferbannen passend ûnderwiis en de byhearrende skoallen.

We wolle dêrom de ferantwurdlikheid (ynhâldlik en finansjeel) ek dêr lizze wêr't dy heart. Dêr wurkje wy mei-inoar oan. It is net mooglik om in list te krijen mei oantallen learlingen en de ûnderwiisrjochting. Wij meie en kinne dit net oanjaan. Yn dizze giet it om ferskillende wetjouwing die ‘t yn ferbân mei privacy net kombineare wurde kin. Yn in lytsskalich ûndersyk ôfrûne novimber hat bliken dien dat yn ferbân mei dizze ferskillende wetten en regeljouwing it tige dreech is om dy data dúdlik te krijen. Wy kamen doe op 30 bern, mar dizze list wie / is net kompleet. We binne dêrom wol oan it ûndersykjen hoe't we hjir dochs antwurd op krije kinne. Dit kostet tiid, omdat wy hjiroer mei skoalbestjoeren, yndividuele skoallen, it gearwurkingsferbân, mei de soarchbuorkerijen sels en it gebietsteam yn it ramt fan privacy ôfspraken meitsje moatte. It is dus net allinnich finansjeel ûntskotten, mar ek ynhâldlik ûntskotten.

2.

It ûnderwiis op soarchbuorkerijen is faak fan tydlik aard. It doel is om de bern weromstreame te litten yn it regulier of spesjaal ûnderwiis. Kinne jimme de útstreamsifers fan soarchbuorkerijen nei regulier of spesjaal ûnderwiis oant no ta jaan? Binne der ek learlingen dy’t net werom kinne nei skoalle? Neffens it stik sil de finansiering dan troch ûnderwiis en gemeente ôfpraat wurde. Antwurd: Ek dizze gegevens hawwe wy sels as gemeente net, mar nimme wy wol mei yn it ûndersyk om better sicht te krijen op de oantallen, de djoer en de útstream werom nei it ûnderwiis. Yn it ramt fan ynklusyf ûnderwiis hawwe sawol de gearwurkingsferbannen as gemeenten as doel dat safolle mooglik bern nei skoalle gean en it rjocht op ûnderwiis hâlde. Foar alle bern op in soarchbuorkerij jildt dêrom dat wy se sa gau mooglik wer yngroeie litte wolle yn ûnderwiis. Hjir hawwe wy it ûnderwiis sels by nedich, want de measte bern dy't nei in soarchbuorkerij gean, steane ynskreaun op in skoalle. Ek hjir giet it wer om in goede gearwurking tusken ûnderwiis en soarch, wat troch ferskillen yn wet - en regeljouwing en ferantwurdlikheden hiel dreech wêze kin.

Mar krekt foar dizze bern, dy't sawol ynskreaun steane op skoalle as nei in soarchbuorkerij geane, wolle wy de mienskiplike finansiering ôfprate, omdat dy learlingen ûnder de ferantwurdlikheid fan it ûnderwiis en it gearstallingsferbân falle (soarchplicht ûnderwiis en wet passend ûnderwiis). It kin foarkomme dat in learling echt net (werom) nei skoalle kin, ek net foar in part, en sels útskreaun wurde moat út it ûnderwiis. Yn dizze gefallen kin op grûn fan artikel 5 en 5 a fan de Leerplichtwet 1969 in berop dien wurde op in frijstelling fan de learplicht. Mei help fan in sosjaal medysk advys dogge âlden in oanfraach foar dizze frijstelling. Dy ûntstiet dan fan rjochtswegen. De learplichtwet falt ûnder ferantwurdlikheid fan de gemeente, dizze gegevens hawwe wy dêrom wol. Yn skoaljier 2023 -2024 wiene dit 38 frijstellingen op grûn fan artikel 5 ûnder a. Foar dy learlingen kinne wy gjin mienskiplike finansiering mear ôfprate, omdat dizze learlingen net mear ynskreaun steane op skoalle en it gearwurkingsferbân en/of skoalle dan gjin soarchplicht mear hat. Wy kinne allinne soargje (en dat dogge wy ek) dat wy dizze learlingen yn byld bringe by it ûnderwiis, sadat mei-inoar sjoen wurde kin nei mooglikheden om dochs wer nei skoalle te gean.

3.

Wat jout de gemeente per jier út oan de finansiering fan ûnderwiis yn soarchbuorkerijen? Jimme jouwe oan (KS, side 80/81 7d) dat soarchbuorkerijen yn de praktyk alle kosten by de gemeente deklarearje as soarch. Kin de gemeente in rol spylje yn de gearwurking tusken soarchbuorkerijen en skoallen foar fierdere finansiering fan ûnderwiis? Antwurd: Wy jouwe gjin jild spesifyk út oan ûnderwiis op soarchbuorkerijen. Wy betelje de folsleine kosten fan de ynset fan de soarchbuorkerij/dei-opfang. Ek as dêrneist dus ûnderwiis plakfynt. De ynset op deiopfang/soarchbuorkerij kostet per learling gemiddeld € 90.000 it jier. De earder neamde 30 bern binne learlingen dy't sawol ynskreaun stean op skoalle as (alhiel of foar in part) nei in soarchbuorkerij gean en dêr't skoalle noch hieltyd soarchplicht foar hat en dêr't de learplicht ek noch foar jildt. De gemeente nimt foar in goede gearwurking in aktive rol yn en is dêr yntinsyf oer yn petear mei de skoallen, de bestjoeren en de gearwurkingsferbannen passend ûnderwiis. Mar as gemeente binne wy lykwols ôfhinklik fan de goedwilligens en mooglikheden fan dizze partijen. Hjiroer rinne wol hoopfolle inisjativen, mar dêr kinne we noch neat oer sizze.

4.

Biede de soarchbuorkerijen ek ûnderwiis oan thússitters? Graach soene wy hjir ek mear ynformaasje oer ha. Antwurd: Yn alle boppesteande antwurden giet it om thússitters. We wolle alle thússitters yn byld hawwe. Sawol de thússitters dy't in frijstelling fan learplicht hawwe (dy hawwe wy sawysa yn byld) as de thússitters dy't allinnich by skoalle (en soms ek by it gearwurkingsferbân) bekend binne. Foar dizze learlingen jildt gjin meldplicht, dat makket it ek kompleks. Pleatsing op in soarchbuorkerij foar learlingen dy't hielendal útfallen binne, nearne mear ynskreaun steane en op de soarchbuorkerij stap foar stap wer wenne kinne oan ûnderwiis kin seker helpe en dat

bart ek yn de praktyk. Ek hjiroer binne wy yn petear en wurkje wy gear mei it ûnderwiis. Der is hjir foarearst noch gjin sprake fan mienskiplike finansiering (diele yn 'e kosten), de gemeente finansieret dat, mar ek hjir probearje wy ta te wurkjen nei in mienskiplike finansiering mei it ûnderwiis. 5.

Foar bern en harren âlden kin in oergong fan soarchbuorkerij nei skoalle yngripend wêze, benammen as se wend binne oan de struktuer en stipe op in soarchbuorkerij. It freget om in soarchfâldige begelieding foar bern en âlden. Hoe sjocht de gemeente syn rol hjiryn? Antwurd: Offisjeel hawwe wy hjir gjin rol yn en falt dat ûnder de ferantwurdlikheid fan it ûnderwiis. Wol besykje wy mei te tinken en inisjativen te ûntwikkeljen, lykas in oerstapmentor en ambulante begelieders dy’t de bern, jongerein en âlden helpe om, as it mooglik is, wer yngroeie te litten yn skoalle. Ek oanfoljende ynset (neist de yndikaasje fan de Soarchbuorkerij) fan jeugdhelptrajekten wurde ynset ta stipe oan de jongerein en harren âlden. (Fan de neamde 30 bern hiene alle bern noch oanfoljende yndividuele jeugdhelpyndikaasjes).

N.B. Wy snappe dat de antwurden hiel lang binne en ek dat oer dit ûnderwerp fragen oer binne. Lanlik komt hieltyd mear omtinken foar de ferbining ûnderwiis-soarch. Ek provinsjaal binne wy hjir mei út de Fryske Regiovisie jeugd; aksjeline 1 ûnderwiis-Jeugdhelp-Gemeente mei dwaande. Regionaal mei help fan it OOGO passend ûnderwiis en lokaal fia de Lokaal Educatieve Agenda (LEA).

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/15442540/2