8. TV CIE FNP - antwoorden deel 2
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Thea Hoekstra-Vleer : FNP
Kommisjegearkomste
: MBF
Datum
: 18 juny 2026
Agindapunt
:5
Underwerp
: Jierstikken 2025
1.
Op side 16 stiet by Moetsjen “Naast de dorpen zijn ook alle wijken met een wijkgebouw in Sneek druk bezig met de uitwerking van hun plannen”. Kinne jo per wyk oanjaan hoe’t it derfoar stiet en oft der knelpunten lizze? Antwurd: Yn alle wiken wurdt aktyf wurke oan takomstbestindige moetingsplakken. De opjeften ferskille per lokaasje, mar geane benammen oer ferduorsuming, ûnderhâld, finansiering, húsfesting en it fersterkjen fan de maatskiplike funksje fan de wykgebouwen. Dêrby wurdt socht nei oplossingen dy't technysk, finansjeel en organisatoarysk duorsum binne. Wijkvereniging Het Eiland – wijkgebouw It Roefke Foar It Roefke is in yntegraal plan opsteld foar ferduorsuming, funksjonele modernisearring en takomstbestindich gebrûk fan it gebou. It plan omfiemet ûnder oaren enerzjybesparjende maatregels, ferbettering fan de technyske steat fan it gebou en oanpassings dy't oanslute by de takomstige ûntwikkeling fan de wyk. Foar de útfiering is gemeentlike subsydzje beskikber steld. De wichtichste útdaging leit op dit stuit yn it folslein slutend krijen fan de finansiering. Dêrom wurdt der aktyf socht nei oanfoljende subsydzjes en fûnsen. Ek hat in perioade fan beheinde bestjoerskapasiteit laat ta fertraging yn de tarieding. Dizze situaasje is yntusken stabilisearre.
De wykferiening wurdt by finansieringsfragen, it winnen fan frijwilligers, bestjoersstipe en it fierder ûntwikkeljen fan de maatskiplike funksje fan it gebou bystien troch Doarpswurk en Stichting Sociaal Collectief. Wijkvereniging Sperkhem-Tuindorp – wijkgebouw De Eekmolen Yn de ôfrûne jierren binne by De Eekmolen ferskate ûnderhâlds- en ferduorsumingsmaatregels útfierd. Dêrmei is der in wichtige stap set as it giet om it yn stân hâlden fan it gebou en it beheinen fan de eksploitaasjelêsten. Troch de beheinde besetting fan it bestjoer koe de fierdere trochûntwikkeling fan it gebou en de lange-termyn fisy in perioade net aktyf oppakt wurde. Mei it oanstellen fan in nij bestjoer wurdt op dit stuit wurke oan in takomstfisy foar sawol de wykferiening as it wykgebou. Dêrby wurdt besjoen hokker funksjonele, romtlike en organisatoaryske oanpassings nedich binne om de foarsjenning optimaal oanslute te litten by it ferlet yn de wyk en by oare ûntwikkelings, lykas de yntegrale wykoanpak.
Wijkvereniging Tinga – wijkgebouw De Spil De Spil stiet foar in grutte opjefte. It gebou is technysk ferâldere, foldocht beheind oan hjoeddeistige easken op it mêd fan duorsumens en hat in substansjele ûnderhâldsefterstân. Dêrtroch binne sawol de technyske kwaliteit as de eksploitaasjeperspektyf op langere termyn in punt fan omtinken. De gemeente en de wykferiening fiere dêrfoar op dit stuit in ûndersyk út nei ferskate senario's foar ferfanging, nijbou en mooglike gearwurking mei oare maatskiplike organisaasjes en foarsjennings. Dêrby wurdt ek sjoen nei mooglikheden foar it kombinearjen fan funksjes en it effisjinter brûken fan romte. Yn it ramt fan dit ûndersyk binne der noch gjin bestjoerlike keuzes makke. Wijkvereniging De Watertoren – wijkgebouw De Opslach (Lemmerweg-West) De Opslach is eigendom fan wenningkorporaasje Elkien. Omdat Elkien plannen hat foar it op ‘e nij ûntwikkeljen fan de lokaasje, stiet de takomst fan it hjoeddeistige gebou ûnder druk. Dat makket dat net allinnich nei it gebou sels, mar foaral nei de funksje fan de foarsjenning foar de wyk sjoen wurdt. Der wurdt mei belutsen partijen wurke oan in oplossing foar de koarte en lange termyn op it mêd fan moetsjen. Dêrby wurde gearwurkings en in de mooglikheden foar in netwurksintrum ûndersocht. Yn dat ramt wurde der ferskate húsfestings- en gearwurkingsopsjes ferkend.
Dêrby wurdt oansluting socht by besteande wykûntwikkelings en wurdt gearwurke mei ûnder oare Stichting Sociaal Collectief en oare maatskiplike partners. De wichtichste útdaging leit hjir yn it finen fan in takomstbestindige oplossing, dy't sawol romtlik as finansjeel helber is. Nei ferwachting wurdt foar de simmer in foarstel oan it bestjoer foarlein. Wijkvereniging Noorderhoek – wijkgebouw Schuttersheuvel Schuttersheuvel ferkeart yn in relatyf goede technyske steat en wurdt struktureel ûnderhâlden. Dêrneist wurdt wurke oan in mearjierrige ferduorsumingsopjefte. Om de ynvestearrings en de organisatoaryske belesting behearsber te hâlden, wurde maatregels fazegewiis útfierd. By de útwurking wurdt rekken hâlden mei technyske prioriteiten, beskikbere finansiering, eksploitaasjekonsekwinsjes en de ynset fan frijwilligers. Wijkvereniging Zwette-Noordoosthoek – wijkgebouw de Zwette It wykgebou sit binnen IKC De Zwette. De kontinuïteit fan de wykferiening stie yn in perioade ûnder druk as gefolch fan in tekoart oan bestjoersleden en frijwilligers. Dêrtroch naam it aktiviteiteoanbod ôf, wat in negative ynfloed hie op de eksploitaasje en de maatskiplike funksje fan de feriening. Nei oanlieding fan in doelrjochte wervingskampanje, útfierd troch it bestjoer mei stipe fan de gemeente, binne nije bestjoersleden oanlutsen.
Dêrmei is de bestjoerlike kapasiteit hersteld en is in basis lein foar it fersterkjen fan de organisaasje en it realisearjen fan in takomstbestindige wykferiening. 2.
Op side 38 stiet dat de ynrinsprekoeren yn Makkum en Koudum achterrinne wat it tal ynwenners dat der gebrûk fan makket oanbelanget. Is der ûndersocht wat de reden(en) dêrfan binne? Antwurd: Yn Koudum is gjin ûndersyk dien. It is in konstatearring dy't dien is yn ferliking mei de besites yn Warkum. Lykas oanjûn, wurdt yn Makkum wol ûndersocht wat de oarsaak is en hoe't de oantallen tanimme kinne.
3.
By de jierstikken fan 2024 ha wy ferline jier frege nei de maatskiplike partisipaasje oangeande nijkommershúshâldingen. Wy ha doe frege oft in diel fan it beskikbere budzjet ynset wurde koe foar gearwurking tusken skoallen, wolwêzenswurk en sportferieningen om de maatskiplike partisipaasje fan nijkommershúshâldingen te befoarderjen. Jo anwurd wie doe: Hoewol't de krekte ynfolling fan it befoarderjen fan maatskiplike partisipaasje noch net bepaald is, sjogge wy yn alle gefallen in mearwearde yn de gearwurking tusken skoallen, wolwêzenswurk en sportferienings as middel om de partisipaasje fan nijkommers te befoarderjen. Us fraach is hoe’t de gemeente dat fierder oppakt hat. Mei oare wurden: hoe is de stân fan saken
oangeande de maatskiplike partisipaasje fan nijkommershúshâldingen.
Antwurd: Yn it ôfrûne jier hawwe wy ús eksplisyt rjochte op 'e fierdere ûntwikkeling fan de 'Meedoenbalie' (Participaasjeloket) by it Asylsikerssintrum (AZC) as ynstrumint foar partisipaasje en arbeidsmerkyntegraasje. Tegearre mei partners binnen de gemeente, wurkjouwers, skoallen en ûnderwiisynstellingen en maatskiplike organisaasjes wurkje wy oan in sterk netwurk dat statushâlders stipet by de oergong nei betelle wurk. Troch betide begelieding, it lizzen fan ferbiningen mei wurkjouwers en it oanbieden fan stipe op maat, fergrutsje wy de kânsen op duorsume arbeidsmerkpartisipaasje. De fokus leit hjir op in kombinaasje fan partisipaasje en oergong nei betelle wurk. Troch dizze oanpak fersterkje wy de maatskiplike partisipaasje fan statushâlders en stypje wy har by it nimmen fan stappen nei in selsstannige takomst. Derneist is der wurke oan de pilot 'Proeven foar Startbanen'. Beide spoaren leverje goede resultaten op, wêrby't de lêste sels lanlike oandacht krijt. Aktive dielname troch wurk of frijwilligerswurk draacht by oan fluggere yntegraasje, gruttere selsstannigens en ferhege belutsenens by de mienskip. Dêrom sille wy de kommende jierren trochgean mei ynvestearjen yn yntegrale inisjativen dy't de stap nei wurk en partisipaasje befoarderje. 4.
Op side 41 bringt de gemeente it persintaazje ynwenners dat gebrûk makket fan de regelingen fan 40 nei 80%. Yn it te beheljen resultaat stiet dat it oantal oanfragen foar minimaregelingen heger is as it foarige jier. Oer 2024 binne der sa’n 3750 oanfragen dien, ynkl. 850 amtswegen takende oanfragen. It totaal oantal húshâldingen dat berikt is lei yn 2024 op 3008. It berik lei dêrmei op hast 62%. Yn 2025 docht bliken dat der yn totaal 3159 oanfragen foar minimaregelingen dien binne. By dy sifers oer 2025 kinne wy net sjen wat it persintaazjeberik is, wylst dat by 2024 wol te lêzen is. Binne der yntusken al mear gegevens bekend sadat wy witte hokker persintaazje yn 2025 berikt is? Antwurd: It berik oer 2024 is mei weromwurkjende krêft omheech gien, om't it CBS oare noarmen brûkt hat foar de ferskate earmoedegrinzen. It berik lei dêrmei yn dat jier op 69,4% (yn stee fan 62%). Yn de jierrekken stiet dat it tal oanfragen yn 2025 op 3.159 leit, lykwols moat dat it oantal húshâldens wêze dat berikt is. Dat komt del op in berik fan 67,9% fan it totaal oantal húshâldens dat ûnder 120% fan it wetlik sosjaal minimum libbet, neffens de meast aktuele CBS sifers.
5.
Side 43, punt 45 Skulden. Binne der yntusken al ûnderfiningen mei de Skuldskoftknop? Sa ja, hoefolle gebrûk is der fan makke yn 2025? Antwurd: Fia ús kontraktpartner Kredietbank Nederland (KBNL) meitsje wy gebrûk fan de Lanlike Pauzeknop. De Lanlike Pauzeknop wurdt op dit stuit aktivearre fia it ferstjoeren fan de Meidieling oan skuldeaskers. Dêrmei wurdt frege om ynkassomaatregels tydlik stop te setten, sadat de ynwenner skulderêst krijt en de skuldhelpferliener romte hat om in skuldregeling ta te rieden. Dit wurdt tapast foar alle ynwenners dy't oanmeldt wurde by de KBNL. Dêrneist is de winsk om ek as gemeente sels oan te sluten op it Skuldeknooppunt. Hjiroer wurde op dit stuit petearen fierd. It Skuldeknooppunt is it digitale platfoarm dêr't skuldhelpferlieners en skuldeaskers feilich en standerdisearre gegevens mei útwikselje kinne. In oansluting dêrop kin bydrage oan rappere kommunikaasje mei skuldeaskers, it effisjinter ynsetten fan 'e Meidieling en dêrmei it flugger kreëarjen fan skulderêst foar ynwenners.