CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

8. TV CIE FNP - antwoorden deel 1

Raadsvergadering 2 juli 2026, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Jierstikken 20251.280 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Auke Jelle Kingma : FNP

Kommisjegearkomste:

: MBF

Datum

: 9 juny 2026

Agindapunt

: Jierstikken 2025

Underwerp

: Soarch en feilichheid

1.

Op side 90 fan de jierstikken 2025 stiet in passaazje oer soarch en feilichheid: De gearwurking tusken it feilichheidsdomein, it sosjaal domein en oare partners is fierder fersterke om de ferbining tusken soarch en feiligens te ferbetterjen. Sûnt jannewaris 2025 fynt elk fearnsjier oerlis op managementnivo plak om de fuortgong te monitoarjen en wêr't nedich by te stjoeren. It tal kasuïstyk oerlizzen is tanommen en yn it twadde fearnsjier fan 2025 is sprake fan in dúdlike groei fan it tal soarch - en feilichheidshúskasussen. De kompleksiteit en yntinsiteit fan de dossiers nimt ta, wat yn line is mei lanlike ûntwikkelings. Trochstream yn de keten stiet ûnder druk, wêrtroch't sinjalen somtiden letter oppakt wurde en it risiko op eskalaasje tanimt ta. De gearwurking is fierder profesjonalisearre troch belied en wurkprosessen oan te skerpjen. Wêr nedich wurde dossiers flugger opskaald nei it soarch - en Feilichheidshûs Fryslân, wêr't de prosesregy wurdt belein.

It kolleezje jout oan dat yn it twadde fearnsjier fan 2025 sprake is fan in "duidelijke groei" fan it tal soarch- en feiligenshúskasussen. Kinne jo oanjaan: Hoefolle kasussen der yn 2023, 2024 en 2025 wiene; Wat de groei is persintaazjes; Oft dizze groei ek yn 2026 trochset? Hoefolle unike persoanen binne belutsen by de PGA-oanpak en hoefolle dêrfan binne weromkommende kasussen? Antwurd:

Foarôf: der komt in oersjoch fan it oantal kasussen fan it ZVHF. Dizze wurdt opmakke, mar is noch net klear. Sadra dizze binnen komt, sizze wy jo ta dat dizze ferstjoerd wurde oan de gemeenteried. Ein 2024 wie it tal aktive kasussen by it soarch- en feiligenshús (ZVHF): 10. Yn juny 2026 is op dit stuit it tal aktive dossiers tanommen nei 18. As de lokale ûntwikkeling yn de pas bliuwt mei de lanlike trend, is in fierdere groei fan it tal kasussen te ferwachtsjen.

It is net mooglik om it tal belutsenen by de PGA-oanpak iendúdich út te drukken yn in tal unike persoanen. Dat komt omdat binnen ien dossier faak meardere persoanen belutsen binne, lykas gesinsleden, netwurkkontakten en ferskillende profesjonele partners. In kasus hat dêrmei gjin ienop-ien relaasje mei in yndividu. Dêrneist kin it foarkomme dat persoanen yn de rin fan de tiid yn meardere dossiers weromkomme, bygelyks as problematyk opnij opspilet of him yn in oare gearstalling foardocht. Dêrtroch is it ûnderskied tusken unike en weromkommende persoanen net suver te meitsjen sûnder in wiidweidige en mooglik privacygefoelige analyze. 2.

Wat is de ferklearing fan dizze groei? (mear persoanen mei ferward gedrach; mear meldingen;in bettere signalearring; of in oare registraasjewize; oare redenen?) Antwurd: De groei fan it tal aktive kasussen by it ZVHF kin nei alle gedachten taskreaun wurde oan in gearrin fan faktoaren. • Yntinsivere sinjalearring en registraasje liket in wichtige rol te spyljen, mei dat ketenpartners kasuïstyk yn in earder stadium, mei gruttere frekwinsje en mei mear detaillearre ynformaasje oanmelde, wat wize kin op tanommen alertheid, profesjonalisearring en bettere werkenning fan risiko’s en eskalaasje; • It lokale soarch- en feiligensoerlis funksjonearret dêrby as in sintraal meld- en ôfstimmingsplatfoarm, dêr’t partijen strukturearre ynformaasje útwikselje, risiko’s beoardielje en yntervinsjes opinoar ôfstimme, wat de sichtberens fan komplekse problematyk fierder fergruttet; • Dêrnjonken kin de stiging yn ferbân brocht wurde mei bredere maatskiplike ûntwikkelings, lykas de tanimmende kompleksiteit fan problematyk yn de soarch dêr’t mear minsken mei meardere en oerlaapjende psychyske, medyske of sosjale behoeften te krijen hawwe, de druk op de feiligens troch in groeiend tal situaasjes mei ûnfoarspelber of eskalearjend gedrach, en de tanimmende sosjaal-maatskiplike kwetsberens dy’t ûntstiet troch faktoaren as finansjele ûnwissens, iensumens en tekoart oan strukturele stipe, wat meiinoar ta

mear ûnbegrepen gedrach en hegere druk op professionals liedt.

3.

"Doorstroom in de keten staat onder druk." -

Op hokker plakken yn de keten ûntsteane de grutste wachttiden of knyppunten? Wat is op dit stuit de gemiddelde trochrintiid fan in PGA-kasus fan oanmelding oant passende help of yntervinsje? Hat it kolleezje sifers oer hoefolle kasussen langer as winsklik op in wachtlist steane?

Antwurd: Yn de ketentrochstream ûntstiet stagnaasje yn trochrintiden troch in ferskaat oan mooglike oarsaken: • Unfoldwaande organisatoaryske kapasiteit (personiel, caseload, beskikbere foarsjennings); • Wachtlisten by soarchoanbieders en yntervinsje-partners;

• • • • • • • •

Beheiningen yn ynformaasje-útwikseling tusken ketenpartners (juridysk, technysk, privacy/AVG); Fragmintearre of net-keppele IT-systemen;; Undúdlike of ûnfoldwaande rezjyfierring yn kasussen; Komplekse mearfâldige problematyk en kasuïstyk dy’t yn ferskillende domeinen spilet; Hege administrative lêsten en ferantwurdingsdruk; Trage of komplekse beslútfoarmingsprosessen (yndikaasjestelling, tawizing, opskaling); Personiels wikselingen en gebrek oan kontinuïteit yn kasus-rezjy; Ynwenners wolle net meiwurkje oan it soarch-oanbod.

De trochrintiid fan PGA-dossiers is dreech yn ien gemiddelde te fangen. Dat komt omdat de kasussen sterk fan inoar ferskille yn kompleksiteit, dynamyk en needsaaklike ynset, wêrtroch de trochrintiid per dossier flink ferskille kin. De sifers oer wachtlisten yn it lokale fjild binne bekend by it Sociaal Domein. De wachtlisten by ketenpartners fariearje fan moannen oant in jier. 4.

It kolleezje skriuwt dat sinjalen somtiden letter oppakt wurde en dat dêrmei it risiko op eskalaasje tanimt. Hoe faak hat fertraging yn it oppakken fan sinjalen yn 2025 laat ta eskalaasje of ta swierdere yntervinsjes? Antwurd: Ut ûndersyk blykt dat der oant no ta gjin lokale eskalaasjes plak fûn hawwe as gefolch fan it te let oppakken fan sinjalen. De gearwurking op lokaal nivo tusken belutsen ketenpartners is goed; men wit inoar op tiid te finen. Wol wurdt it hieltyd dreger om sinjalen op ’e tiid te ûnderkennen en op te pakken, om’t problematyk faker ferburgen begjint, komplekser fan aard is en ketenpartners mear tiid en ynset nedich hawwe om risiko’s goed te werkennen en te dielen.

5.

Sjocht it kolleezje in ferbân tusken de taname fan dizze kasussen en tekoarten yn GGZ-soarch, beskerme wenjen of beskikbere wenromte? Antwurd: It tekoart oan beskerme wenfoarmen is dúdlik, mar hâldt gjin streekrjocht ferbân mei de earder stelde fraach. As gefolch fan de wenningkrapte binne der lykwols persoanen sûnder fêst wen- en ferbliuwplak dy’t har geregeld yn de iepenbiere romte ophâlde en dêrmei in ferhege risiko foarmje foar de iepenbiere oarder.

6.

Wat sjocht it kolleezje as oplossingen foar dizze problematyk (de groei, de kompleksiteit, de kâns op eskalaasjes)? Antwurd: It kolleezje sjocht oplossings yn in kombinaasje fan previntyf wurkjen, mei klam op betide sinjalearring, it tapassen fan de AVE-oanpak (Aanpak Foarkommen Eskalaasje) en it fierder fersterkjen fan de yntegrale gearwurking tusken it soarch- en feilichheidsdomein. Dêrby giet it net allinnich om it earder oppakken fan sinjalen, mar ek om it better werkennen fan hieltyd

komplekser en faker ferburgen problematyk, lykas meardere oerlaapjende soarchfragen, sosjaal-maatskiplike kwetsberens en ûnbegrepen gedrach. De AVE-oanpak helpt om sinjalen systematysk en yn in betiid stadium te analysearjen, risiko’s te beoardieljen en passende maatregels te kiezen foardat situaasjes eskalearje kinne. Troch de strukturearre en nauwere ôfstimming yn it lokale soarch- en feiligensoerlis kinne ketenpartners inoar earder fine, ynformaasje doelmjittich en konsekwint diele en regy effisjinter fiere, sadat risiko’s op eskalaasje beheind wurde en swierdere yntervinsjes safolle mooglik foarkommen wurde. In wichtige ferdjipping fan dizze oanpak kriget foarm yn de útfieringslaach fan it beskerme wenjen (BW), sa't dat ûnder oare ek as resultaatferplichting yn de jierstikken opnommen is. Hjiryn wurdt foarsteld om it finansjele oerskot út 2025 doelrjochte yn 2026 en fierder yn te setten om de kontinuïteit fan soarch en húsfesting foar kwetsbere ynwenners te garandearjen en de trochdesintralisaasje fierder foarm te jaan. Dit oerskot sil ynset wurde foar it kreëarjen fan ekstra opfang- en begeliedingsplakken fia leechdrompelige wenfoarsjenningen sa as Pand6. Mar ek foar de ûntwikkeling fan ûnkonvinsjoneel wenjen en in rjochte oanpak foar doelgroepen lykas ‘bankhoppers’

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/17107189/2