8. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Thea Hoekstra-Vleer : FNP
Kommisjegearkomste
: B&M
Datum
: 25 juny 2025
Agindapunt
:8
Underwerp
: Nijbou Kultuerhûs Klameare yn Warkum
1.
Yn it riedsútstel falt te lêzen dat der yn desimber 2022 troch kolleezje en ried keazen is foar nijbou fan Kultuerhûs Klameare. Fanwegen it neamde eksploitaasjetekoart (as it lykwols net oplosber blykt) soe it neffens it riedsútstel in alternatyf wêze kinne om oare opsjes te ferkennen. In alternatyf wurdt ferbou/oanbou fan/by De Rolpeal neamd, sadat de Klameare by De Rolpeal yn kin. Is de hjoeddeistige lokaasje fan De Rolpeal geskikt foar útwreiding mei kulturele funksjes? Wy tinke dan û.o. oan romtlike kapasiteit fan de lokaasje en mooglik oanpassing fan it omjouwingsplan. Antwurd: Nee, de lokaasje fan de Rolpeal is yn de hjoeddeistige situaasje net geskikt foar útwreiding fan aktiviteiten en kulturele funksjes. As dizze útwreiding nedich is, dan sil der ûndersyk dien wurde moatte nei de mooglikheden kwa romtlike kapasiteit en it omjouwingsplan. As de ried beslút om it kredyt foar nijbou net te ferheegjen, sil dit alternatyf fierder útwurke wurde.
2.
Is de ferkearssituaasje om de Rolpeal hinne tarikkend foar ekstra besikersstreamen? En hoe komt it mei de parkeargelegenheid? Is dêr al ûndersyk nei dien? Antwurd: Der is gjin ûndersyk nei dien oft de ferkearssituaasje en parkearplakken tarikkend binne foar ekstra besikersstreamen.
3.
Binne der ekologyske of lânskiplike beheiningen op of om it perseel fan de Rolpeal hinne dy’t nijbou of útwreiding behinderje? Antwurd: Foar safier’t bekend binne der gjin beheinings by útbou/oanbou oan de foarkant en sydkant fan it gebou. Utwreiding oan de efterkant fan de Rolpeal kin mooglik in beheining opsmite troch de lizzing fan gasbuizen by de provinsjale dyk. Mar dat soe dan neier ûndersocht wurde moatte.
4.
Hoe reagearje omwenjenden op mooglike útwreiding of funksjewiziging en hat dêr al partisipaasje oer west? Antwurd:
Soks is net bekend; hjir is út de gemeente wei gjin partisipaasje op organisearre. Partisipaasje hat west mei it bestjoer en de brûkers fan de Klameare. 5.
As de Klameare wol oanslút by de Rolpeal kin de biblioteek dêr dan ek in plak krije? Antwurd: Op dit stuit lizze der gjin konkrete plannen. Mar mocht dit alternatyf fierder útwurke wurde moatte, dan sil dit ûndersocht wurde moatte.
6.
De sportkantine fan de Rolpeal is op sneon mear as fol mei fuotbal- en folleyballeafhawwers. Hoefolle romte is der noch foar de kultuerleafhawwers en past it publyk wol byinoar? Antwurd: As de Klameare by de Rolpeal ynkomme soe, dan soe der ek útwreiding komme moatte fan de kantine/romte. Fierder sil der dan ek sjoen wurde moatte nei it multyfunksjoneel gebrûk fan de romte, bygelyks troch ferpleatsbere tuskenwanden. En de roasters fan alle aktiviteiten soene dan likegoed op elkoar ôfstimd wurde moatte. Soks freget fansels in goede planning. De measte fuotbalen follybalwedstriden binne lykwols moarns en middeis, wylst kulturele aktiviteiten faak de jûns plak fine.
7.
As dizze opsje serieus nommen wurdt, hoe lang sil it dan noch duorje ear’t der by de Rolpeal boud wurde kin sjoen alle prosedueres? Antwurd: It is lêstich om hjir in ynskatting fan te meitsjen. Sjoen alle prosedueres (lykas bgl. ûndersyk, konkrete plannen opstelle, de romtlike proseduere, partisipaasje omwenjenden, bou, ensfh.) is de ferwachting dat soks minimaal 2-3 jier kostet.