7. TV RAAD FNP I antwurden II
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Douwe Blom FNP
Riedsgearkomste Datum:
3 juni 2021
Agindapunt: 7.
7
Underwerp:
Jierstikken 2020
Fraach: (side 9; spearpunt 12: Vernieuwing lokale democratie) - 1 fan de doelen foar 2020 wie moeilik berikbere doelgroepen te berikken. Is dit slagge? Hokker doelgroepen bin der berikt en welke wize? Antwurd: In dreech te berikken doelgroep dêr’t it programma him yn 2020 en 2021 op fokust hat, is de jongerein. Der wiene tal fan beheinings troch de koronamaatregels mar der binne dochs noch in tal aksjes útfierd om de jongerein te belûken by de gemeente en oarsom. Spitigernôch wiene der ek in oantal aksjes, lykas in politike projektdei foar de learlingen fan de Wykeinskoalle SWF, dy’t net trochgean koene. • Projectdag Tienskip Bogerman HAVO-4 wie suksesfol (twadde projektdei yn 2020 is fanwegen korona net trochgien). • Earste Kinderconferentie SWF yn jannewaris 2020 (doelgroep: groep 7/8). As tarieding hawwe rom 500 learlingen fan groep 7/8 út de hiele gemeente in bernemonitor ynfolle (2019). • Dialoog ‘jongerein en korona’ tusken wethâlders Bakker en De Man en jongerein van Wykeinskoalle SWF, en ferskate digitale petearen tusken boargemaster en jongerein (o.a. learlingen fan de Ynternasjonale Schakelklas Sneek) fia Instagram (yn 2021). Foar 2021 stiet noch op de planning: • Twadde Kinderconferentie SWF. Lespakketten binne ein 2020 nei de skoallen brocht. • Jongereinkonferinsje yn it ramt fan 10 jier SWF (septimber 2021).
• Plan fan Oanpak Ferkiezings 2022 (oanpak per doelgroep) Fraach: (side 9; spearpunt 12: Vernieuwing lokale democratie) - Hoefolle unike gebrûkers hat de webside www.samensudwestfryslan.nl? En wat falt er te sizzen oer it gebrûk fan de side? Hoefolle aktive forum dielnimmers bin der? Antwurd: • www.samensudwestfryslan.nl is in pear jier ferlyn opsetten as proef. Team Kommunikaasje sil de kommende tiid in fisy skriuwe om dit platfoarm better del te setten, sawol yntern as ekstern. • De siden www.woneninsudwestfryslan.nl en www.duurzaamsudwestfryslan.nl wurde dêr ek yn meinaam. Dizze trije platfoarms wurde no benammen brûkt om te ynformearjen, mar yn de
fisy sil beneamd wurde foar hokker tema's de platfoarms ynsetten wurde kinne en hokker mooglikheden der binne om ús ynwenners en ûndernimmers by sa’n tema te belûken. Der binne op dit stuit 128 ynwenners ynskreaun as brûker. Der wurdt (noch) net aktyf gebrûk makke fan de mooglikheid om te reagearjen. Hjirby as taheakke in oersjoch fan de statistiken fan jannewaris oant en mei maaie 2021. It is (noch) net mooglik om mear detaillearre ynformaasje nei boppen te heljen.
Statistieken Samensudwestfryslan januari tm mei 2021.pdf
Fraach: (side 9; spearpunt 13: Digitalisering) - Ut de tekst wurdt net daliks dúdlik wat der diels behelle is oan dit spearpunt. Hokker saken binne útfierd en hokker bin lizze bleaun en trochskowd? Antwurd: Yn de begrutting 2020 wurde trije spoaren neamd. Dizze trije spoaren binne yn 2020 op ferskate wize ynfold: • Op it spoar ‘ondersteunende activiteiten’ is fierder ynsetten op it papierleas wurkjen; in tanimmend oantal dokuminten en formulieren binne digitaliseard en dêrtroch better tagonklik ‘op ôfstân’. Dat wie in moaie opstekker yn it ôfrûne ‘pandemie-jier. • It spoar ‘vernieuwen van (digitale) processen per keten’ is net fierder yn dit programma oppakt (omdat it Programma Digitalisering stoppe is). Dit spoar is oernommen troch it programma ‘Continu verbeteren’. • It ‘consolideren van de techniek en functionaliteit’ fan de digitale tsjinstferlieningsprosessen hat ek in oare draai krigen. It die bliken dat de organisatoaryske ynrjochting mear omtinken krije moast dan de technyske funksjonele ynrjochting. Sadwaande hat it organisatoaryske foarrang krigen. De fierdere ynfolling fan dit spoar sil in plak krije yn de Koersnota en yn de begrutting 2022.
Fraach: (side 33; Lokale heffingen: Heffingen met gecombineerde aanslag - Wat bin “lagere perceptiekosten”? En wat is derfan it finansjele foardiel foar de gemeente? Antwurd: - Wat binne “lagere perceptiekosten”? Troch it kombinearjen fan mear belestingsoarten op ien en deselde oanslach kinne wy besparje op kosten foar print, administraasje en it ynbarren (de saneamde ‘persepsjekosten’). -Wat is dêrfan it finansjele foardiel foar de gemeente? Yn in protte gefallen stean no op ien oanslachbiljet trije belestingen: foar ûnreplik goed (‘OZB’, yn it Nederlânsk), rioelheffing en ôffalstoffenheffing. By it apart ferstjoeren soene de persepsjekosten mooglik trije kear sa heech wurde.Sjoch ek it antwurd op de folgjende fraach. Fraach: (side 33; Lokale heffingen: Aanslag digitaal) - Yn de tekst wurdt steld dat it digitaal ferstjoere fan oanslagen via MijnOverheid soarget foar legere kosten en it miljeu sparret. Hoe grut is de finansjele besparring? En is de miljeu ympekt mjitber makke? Ommers, de servers wêr MijnOverheid op draait brûke elektrisiteit. Antwurd: - Hoe grut is de finansjele besparring? Troch it ferstjoeren fia MijnOverheid binne wy minimaal € 0,19 per oanslach goedkeaper út. De besparring kin heger útpakke as wy mear oanslaggen digitaal ferstjoere kinne. No wurde krapoan 17.000 fan de rûchwei 46.000 oanslaggen digitaal ferstjoerd.
- Is de miljeu ympekt mjitber makke Troch gâns minder papier te brûken sparje wy it miljeu. It elektrisiteitsgebrûk fan de server fan MijnOverheid is net mjitber makke, foar safier wy witte. Fraach: (side 33; Lokale heffingen: Toeristenbelasting) - As de mearopbringst fan 2019 tarekkene wurdt oan it risseltaat fan 2020. Kin der foar 2021 noch sprake wêze fan in mear/minderopbringst út 2020? En hoe wurdt dat ferwurke/ferrekkene mei de kompensaasje dy’t yn 2020 ûntfongen is? Antwurd: -Kin der foar 2021 noch sprake wêze fan in mear/minderopbringst út 2020? Ja, dat kin. -Hoe wurdt dat ferwurke mei de kompensaasje It Ryk hat noch gjin bedragen neamd, mar al wol witte litten dat it de definitive koronakompensaasje foar de toeristebelesting 2020 berekkenje sil op grûn fan de jierrekkens fan alle gemeenten. Yn de jierrekken 2019 hawwe wy oan toeristebelesting € 2.415.060 stean; yn 2020 giet it om € 1.850.588. Ferskil fan € 564.472, wylst it Ryk ús no € 517.000 oermakke hat. Wy moatte ôfwachtsje wêr’t it Ryk no mei komt. Fraach: (side 34; Uitvoering Wet WOZ - Der bin mear formele beswieren ûntfongen op de WOZ-beskikkingen. Hat dit ek mear op syn plak ferklearre beswieren opsmiten? Wat is om-ende-by de bystelde waarde? Antwurd: - Hat dit ek mear op syn plak ferklearre beswieren opsmiten? It ôfrûne jier is sa’n 40 prosint fan alle beswieren takend.
Dit persintaazje is net heger dan yn 2019. - Wat is om-ende-by de bystelde waarde? Yn trochsnee binne de WOZ-weardes mei sa’n 5 prosint oanpast. Fraach: (side 47; Leningenportefeuille; Verloop leningenportefeuille) - Kloppet it, dat de waarde fan de ferstrekte geldleningen yn 2020 heger lizze dan begrutte? Sa ja,wêrtroch komt dit ferskil? Antwurd: Ja, dat kloppet. Dit komt trochdat yn 2020 hjirûnder oare posten dan foarhinne rubriseard binne, yn oerlis mei de akkountant. It giet dan bygelyks om ‘startersleningen’, ‘werkkapitaal kredietbank’, ‘stimuleringsfonds volkshuisvesting Ned.gemeenten’ en ‘onder beding van grondrente uitgegeven grond woningbouw/industrieterrein’.
Fraach: (side 48; Bedrijfsvoering: Organisatieontwikkeling) - Trochrintiden bin koarter en kosten leger as gefolch fan klant/risseltaat tinke en de trochwurking derfan op proses en ynhâld. Hat dit foar guon produkten wêr leges foar frege wurde ek leit ta in bettere kostendekkendhied? Antwurd: By de berekkening fan de ‘kostendekkendheid’ fan de leges wurdt ûnderskied makke tusken persoaniele en materiële kosten. De trochrintiid is mar in ûnderdiel fan de persoaniele kosten. Dernjonken wurdt foar de ‘kostendekking’ net per produkt, mar per haadstik sjoen nei it totaal fan de ferheljende kosten (persoaniel én materieel).
Op grûn hjirfan kinne wy net stelle dat allinnich in koarte(re) trochrintiid liede sil ta een bettere ‘kostendekkenheid’ fan in produkt. Fraach: (Side 49; Bedrijfsvoering: Opbouw personeel) - Der wurde minder minsken ynhierd mar der binne mear FTE oan it wurk. Kin hijr steld wurde dat der per saldo likefolle wurk dien wurdt? En wat is it finansjele effekt? Antwurd: Yn generaal kinne wy fêststelle dat der in ferskowing is fan ynhier tredden nei tydlik en fêst persoaniel. De taname persoaniel is foar in grut part it gefolch fan korona (TOZO-regeling), it project “Súdwest Werkt!” en útwreiding wetlike taken. It totale effekt is lestich oan te jaan, omdat wy ek te krijen hawwe mei CAO-ferhegingen en takenning perioadiken. Dúdlik is dat der € 2,2 miljoen minder oan ynhier is dan yn 2019. Fierder binne de finansjele doelstellingen helle foar ‘Continu Verbeteren’ (€ 650.000) en oanfoljend op taakbesparingen (€ 250.000). Fraach: (side 50; Bedrijfsvoering: Overzicht salarissen,...) - Der wurdt steld dat de daling fan de ynhier feroarsake wurdt troch kontinu ferbetterjen en tydlike effekten fan Korona. Hokker part is struktureel as gefolch fan kontinu ferbetterjen? En op hokker wurksumheden wurdt no minder (of gjin) ynhier mear dien? En wat hâldt yn dit ferbân tydlik yn tjinst yn? Antwurd: Struktureel in bedrach fan € 650.000 troch ‘Continu Verbeteren’.
By de Gebiedsteams wurdt minder ynhierd; yn 2020 is útein set mei in ‘flexpool’. Dernjonken is der ek minder ynhier by klantkontakten. Foarhinne gie dat fia ‘detacheringsbureaus’, no nimme wy minsken tydlik of ûnbegrinze yn tsjinst. ‘Tydlik’ betsjut ‘foar in ôfsprutsen perioade’. Fraach: (side 67; Corona: TOZO) - De gemeente hat jild krige foar kompensaasje fan de útfieringskosten fan de TOZO. Yn 2020 is net it folsleine bedrach útjûn. Foarsteld wurdt om in diel te reservearre fia de risseltaatbestimming. Yn hoe fiere hat it Ryk by it ferstrekken fan dizze kompensaasje foarsjoen yn takomstige kosten? Of is dit allinne foar 2020 ferstrekt en leit it yn de ferwachting dat de kommende jierren mear kompensaasje komt (sjoch ek side 69; Risico’s: Sociaal)? Antwurd: It Ryk hat foar elts TOZO-beslút dat wy naam hawwe yn 2020 oan ús in fergoeding betelle foar de útfieringskosten. Dizze kompensjaasje foar de útfieringskosten is € 450 per beslút libbensûnderhâld en € 800 per beslút liening bedriuwskapitaal. De kompensaasje útfieringskosten is ornearre foar it hiele trajekt fan de oanfraach oant en mei de definitive ôfhanneling fan de werombetelling fan in foarsjoene TOZO-liening. Dit freget de kommende jierren dus noch personiele ynset fan de gemeente. Foar elts TOZO-beslút dat wy yn 2021 nimme, krije wy wer in nije ienmalige fergoeding.
Fraach: (side 70; Risico’s: Verstrekte leningen en Waarborgen en garantstellingen) - Swimbaden wurde hjir eksplisiet neamd as risiko. Steld wurdt dat de swimbaden yn oanmerking komme kinne foar kompensaasje fan it Ryk. De ynskatting is dat se der foarlopig mei foar út kinne. Op hokker termyn is dat? En wat is it foarútsjoch? Rint de gemeente hjir noch oare risiko’s? Oars as de hjir bedoelde effekten fan de eksploitaasjekosten. Antwurd: Foar alle fiif swimbaden is der kompensaasje oanfrege by it Ryk, fia de saneamde SPUK IJZ (ijsbanen en zwembaden). By de takenning troch it Ryk wurde de ferliezen yn de jierrekken 2020 kompensearre. Foar de earste twa fearnsjierren fan dit jier kin der ek in SPUK IJZ oanfrege wurde.
Op dit stuit binne der gjin oare risiko’s bekend. Fraach: (side 93; 02 Sport: Gas, electra en water) - De lêsten foar 2020 wiene struktureel te leech ynskatten. Yn hoefierre is hjir rekken holden mei de effekten fan de Koroana-maatregelen? Antwurd: Der is gjin rekken hâlden mei de korona-maatregels. Sa as gebrûklik binne yn 2019 de nije foarskotten bepaald op basis fan de ynskatting fan it ferbrûk en de te ferwachtsjen prizen. Yn 2020 binne op basis hjirfan de nije foarskotrekkens betelle. Dit jier sil de úteinlike ôfrekken plakfine op basis fan werklik ferbrûk.