CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

7. TV RAAD FNP I antwurden

Raadsvergadering 3 juni 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Jierstikken 2020385 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Sicco Rypma FNP

Riedsgearkomste Datum: Agindapunt: Underwerp:

3 juny 2021 Jierrekken 2020 | Haadstik 2.2.2 Programma 2: Romte Spearpunt 6. Dossier Lânbou yn in fitaal lânskip útwurkje.

Ynlieding Mei de begruttingsfergadering fan tongersdei 12 novimber 2020 is de moasje ‘Lânboubudzjet’ unanym troch de ried oannnommen. Der binne twa ynstânsjes beneamd wêr it lânboubudzjet foar ornearre wurde moast. Lânbou en Natuer Collectief Súdwestkust https://sudwestkust.nl/#doelstelling (stimuleert boeren tot natuurinclusieve landbouw, gericht op een duurzaam landschap met een rijke biodiversiteit. Ten bate van mens en dier). Fûgelweb It Heidenskip, Koudum, Warkum, Idzegea eo Diktum: Yn oerlis mei de hjirboppe neamde ynstânsjes inkelde konkrete projekten finansjeel te stypjen út it budzjet ‘lânbou / natûr-ynklusive lânbou 2021’. Opmerking We fine gjin konkrete útwurking fan de moasje werom yn de jierrekken. De offisjele, ûndertekene moasje is as bylage by dizze fraach meistjoerd. Fraach: -Wat is de stân fan saken oangeande útfiering fan de moasje? Antwurd: -Wy hawwe Altenburg en Wymenga opdracht jûn foar ús nei te gean wat de gemeente sels dwaan kin om biodiversiteit te stypjen en de greidefûgels te beskermjen. Tagelyk hawwe wy harren ek frege om mei de neamde natoerynstânsjes nei te gean wat fuortendaliks barre kin. Dat giet foaral om saken as it omromjen fan rûchtes, snoeien fan struwiel, foarmen fan behear ensf. Dat hat in lange list opsmiten fan saneamde ‘korte termijn maatregelen’ dy’t wol of net útfierd wurde kinne. Dêr wurdt no útfiering oan jûn.

In tal saken is oppakt, in tal saken freget mear tiid en ek in tal saken kin net, bygelyks omdat it net giet om eigendommen fan de gemeente. Wy hawwe ek ôfspraken makke oer in bettere kommunikaasje tusken de ynstânsjes en de gemeente om dizze lytsere, mar o sa wichtige saken better mei elkoar te dielen. Wy sille yn de gearkomste fan de kommisje DSO fan 30 juni de earste resultaten diele fan it fierdere ûndersyk fan Altenburg en Wymenga. Fraach: -Hawwe beide ynstânsjes konkrete projekten yntsjinne dy’t stipe wurde út it budzjet lânbou / natûrynklusive lânbou 2021?

Antwurd: - De kontakten hawwe oan’t no ta foaral west mei de Fûgelweb-minsken út Idzegea en út Warkum. It hat dus led ta de hjirfoar al neamde list fan driuwende saken dy’t gau ta resultaat liede kinne.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10219979/1