CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

7. TV RAAD FNP - antwurden

Raadsvergadering 31 maart 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Bestimmingsplan Snits – parsjele feroaring bestimmingsplan Noordoosthoek-Normandiaplein586 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Tsjerk Bouwhuis FNP

Riedsgearkomste Datum:

31-03-2021

Agindapunt:

7

Underwerp:

Bestimmingsplan Snits – parsjele feroaring bestimmingsplan Noordoosthoek-Normandiaplein

Fraach: - By in ferbouwing fan in romte boppe in winkel ta in wenning moat der by de wet minimaal foldien wurde oan it boubeslút 2012. En wat brânfeiligens oanbelanget ûnder oare oan 2.2.2 besteande bou. Kloppet dat? Antwurd: - Ja, dat kloppet. As der in nije wenning makke wurdt yn in besteand bouwurk, dan moat dy wenning foldwaan oan it besteande bounivo fan in wenfunksje. As de wenning dêr net oan foldocht, dan moat er ferboud wurde. It Boubeslút makket by de easken foar brânfeiligens ûnderskied tusken nijbou, besteande bou en ferbou. Foar in oantal toetsingspunten is it ferbounivo fan tapassing. Fraach: - Ofdieling 2.2 Sterkte by brân is ûnderferdield yn nijbou en besteande bou. - Wêrom is der ûnderskied tusken nijbou en besteande bou at it oer brânfeiligens giet? - Binne der praktyske of technyske beswieren om de no jildende regeljouwing foar nijbou ek foar besteande bou yn Súdwest-Fryslan jilde te litten? We doele hjir foaral op it tiidsferskil yn tiid fan beswiken. 30 minuten foar besteande bou en 60 minuten foar nijbou. Antwurd: - Dat ûnderskied is der om’t elk bouwurk te krijen hat mei ferâldering en slitaazje. Brânkearende doarren sille bygelyks nei ferrin fan tiid trochhingje en dêrtroch net mear foldwaan oan it nijbounivo.

As de slitaazje sa grut is dat in wenning net mear foldocht oan it besteande bounivo, dan kin de gemeente derfoar kieze om oer te gean op hanthavening. Dat der in besteand nivo is, hat in ekonomyske ôfwaging west. - It tiidsferskil tusken nijbou en besteande bou hat oan ’e iene kant te meitsjen mei ferâldering en oan ’e oare kant mei it feroarjen fan ’e boutechnyk. Mei de âlde boutechniken kin faak net foldien wurde oan it nijbounivo, mar wurdt wol foldien oan it besteande bounivo. 30 minuten moat yn besteande bou yn prinsipe genôch tiid wêze foar bewenners om harren wenning te ferlitten en foar de brânwacht om help ferliene te kinnen. Fraach: - ‘als ze er een schepje boven op kunnen doen zullen we dat niet nalaten’ wie in útspraak fan de wethâlder by dit punt. Wat wurdt hjir konkreet mei bedoeld? Antwurd:

-

Wethâlder Faber bedoelde mei dat punt dat de ôfdieling brânprevinsje fan ’e gemeente oer risiko’s advisearret, want as je oan ’e regeljouwing foldogge, betsjut dat net dat der gjin deaden of ferwûnen by in brân falle kinne. Troch oan ’e regels te foldwaan foldogge je oan it minimale brânfeiligensnivo. Brânprevinsje advisearret (easket net) oer de risiko’s. By wenningen advisearje wy bygelyks gauris om ek reekmelders op te hingjen yn sliepkeamers. Der ûntsteane nammentlik tsjintwurdich faker brannen troch it opladen fan akku’s fan apparaten, en sliepende bewenners kinne oan ’e giftige smook dêrfan ferstjerre. It Boubeslút skriuwt foar dat der reekmelders ophongen wurde moatte yn ’e flechtrûten (gong en oerloop). It skepke der boppe-op dwaan betsjut net dat brânprevinsje Súdwest-Fryslân mear easket as wat wetlik út it Boubeslút wei mooglik is, mar dat wy minsken wize op ’e risiko’s en harren dêroer advisearje. Unfeilige situaasjes dêr’t gjin regeljouwing foar is en dêr’t de brânprevinsje Súdwest-Fryslân oer advisearret binne: • reekfersprieding yn wenningen; • wêr’t je reekmelders yn wenningen ophingje moatte; • it tapassen fan sinnepanielen en omfoarmers, en de opslach fan batterijen; • it parkearjen en opladen fan elektryske auto’s en oar rydark; • it stallen fan scootmobilen en flechtrûtes; • brânfeiligens yn besteande wengebouwen.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/9955943/1