7. TV CIE FNP I antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Sicco Rypma FNP Súdwest-Fryslân
Kommisje DSO Datum:
Tiisdei 13 april 2021
Agindapunt: Underwerp:
11 Havens en oare wetteren
Fraach 1 : Lisplak foar histoaryske skippen. Sitaat: historisch schip: schepen die als zodanig door het college van burgemeester en wethouders worden aangemerkt; - Binne der in beheind tal lisplakken of is útwreiding mooglik? - Is de ‘Bruine Zeilvloot’ yn byld foar lisplak histoaryske skippen? Antwurd: - Der is in beheind tal lisplakken foar histoaryske skippen. Dit belied is oernommen fanút de eardere gemeente Wymbritseradiel en hat in plak krigen yn it belied fan Súdwest-Fryslân. It lisplakkenbelied is yn it bysûnder rjochte op passanten en op fêste plakken foar de plezierfeart. - De ‘Bruine Zeilvloot’ is net yn byld foar in lisplak historoaryske skippen. Skippen fan de ‘Bruine Zeilvloot’ lizze op in diel fan de passantenpleatsen yn en bûten de haven. Wol de ‘Bruine Zeilvloot’ yn oanmerking komme foar in lisplak histoaryske skippen? Dan kin in oanfraach dien wurde. De oanfraach wurdt toetst oan ’e kritearia (https://sudwestfryslan.nl/onderwerp/ligplaats-voor-historische-schepen/#1572855295948748bf6eb-b071). Fraach 2: - Hat ienich ûnderdiel / wiziging yn dit riedsstik effekt op de lisplak tarieven? Antwurd: - Nee, de lisplaktarieven bliuwe itselfde. Dit neffens de ‘Verordening op de heffing en inning van ligen staangeld’.