7. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter Postma FNP
Kommisjegearkomste BM Datum:
18 febrewaris 2026
Agindapunt:
6
Underwerp:
Oanpak ‘Koers en Kompas, duurzame en toekomstbestendige sportaccommodaties’
Fraach: - Yn bijlage 2 – HEVO onderzoek 16 binnensportaccommodaties lêze we: De zaal van sportaccommodatie Hindeloopen wordt 13,75 uur per week gebruikt. Dit is echter gerekend buiten het gebruik als speellokaal voor de school. Hoe moat we dit lêze? Op de measte skoallen wurdt it speellokaal, yn dit gefal de gymseal eltse dei brûkt troch de beukers (groep 1 en 2) -
Betsjut dit dat de oeren dy’t de beukers yn de gymseal binne net meirekkene wurde? Sa ja, wat is der de reden fan? En sa ja, wurdt dit by alle gymsealen dy’t brûkt wurde as speellokaal sa berekkene?
Antwurd: Betsjut dit dat de oeren dy’t de beukers yn de gymseal binne net meirekkene wurde? Nee, dy oeren wurde wol meirekkene. By de neamde 13,75 oeren wyks giet it om de oeren bewegingsûnderwiis fan basisskoalle De Skulpe yn Hylpen. It giet dêrby om de groepen 1 o / m 8 fan de basisskoalle (dus ynklusyf de beukers). Basisskoalle De Skulpe hat sels gjin boartersplak en makket dêrom foar de groepen 1 en 2 ek gebrûk fan dizze gymseal. Basisskoalle De Skulpe reservearret foar 13,75 oeren de wike de gymseal by de gemeente. Ynsidinteel wurdt de gymseal, neist de oeren bewegingsûnderwiis foar de groepen, ek brûkt as boarterslokaal foar de groepen 1 en 2. De skoalle reservearret dêrfoar gjin oeren by de gemeente.