7. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Tryntje Albada FNP
Kommisjegearkomste : Boarger en Mienskip Datum:
2 novimber 2022
Agindapunt:
8
Underwerp:
Aanpassing eenmalige energietoeslag
Fraach: - Yn it stik stiet dat de op 12 april oannommen beliedsregels oanpast wurde. Ek is der fan de gelegenheid gebrûk makke om de tekst fan dizze beliedsregels op in tal punten te ferbetterjen. Kin der mei in was – wordt tabel oanjûn wurde wat de konkrete feroarings binne yn dit belied stik? Antwurd: - Yn de nijste ferzje fan de beliedsregels is yn kêst 1 – g neier definiearre wat ferstien wurde moat ûnder it begryp “ sosjaal minimum ”. Yn de foarige ferzje ûntbruts dit. - Dêrneist hat artikel 2 yn de nijste ferzje in mear logyske folchoarder krigen. Lid 1, 2 en 3 gean oer de doelgroep; lid 4 giet oer de hichte fan de enerzjytaslach en yn lid 5, 6 en 7 stean in pear útsûnderingen. Fraach: - Wurdt der by de takenning fan dizze taslach ek toets of de feitlike kosten foar enerzjy fan de oanfreger stegen binne of is der bij gelyks in drompel bedrach oan kosten? Antwurd: - De enerzjytaslach foar ien kear is basearre op kêst 35 lid 4 fan de Partisipaasjewet. Dêryn stiet: Yn ôfwiking fan it earste lid (NB: bedoeld wurdt it earste lid fan kêst 35 dat de yndividuele bysûndere bystân regelet) kin oant en mei 30 juny 2023 bysûndere bystân ek oan in allinnichsteande of in húshâlding ferliend wurde yn de foarm fan in enerzjytaslach foar ien kear, sûnder dat neigien wurdt of dy allinnichsteande of dy húshâlding yn dat jier in sterk heger enerzjyrekken hie.