7. TF RIED FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Sicco Rypma FNP Súdwest-Fryslân
Riedsgearkomste Datum:
Tongersdei 28 jannewaris 2021
Agindapunt:
7
Underwerp:
Paraplubestimmingsplan lytse wynturbines
Fraach 1 : Yn it koalysjeakkoard fan 29 desimber 2017 lêze we: “In het recente verleden hebben wij onze standpunten over gaswinning en windmolens geformuleerd”. -
Graach ûntfange we de offisjele formulearring / tekst fan dy stânpunten.
Antwurd: It winnen fan gas It gemeentlike stânpunt oer it gas stiet yn in moasje dy’t op 4 juny 2015 troch de gemeenteried oannommen is. Dy moasje hie as diktum “alles in het werk te stellen om gaswinning en het opsporen van gas in de gemeente Súdwest-Fryslân te voorkomen”. Wynmûnen Yn ’e riedsgearkomste fan 31 maart 2016 hat de ried in stânpunt ynnommen en belied fêststeld oer wynenerzjy. De ried hat doe besletten “uit te spreken dat behoudens het windpark in het IJsselmeer het realiseren van nieuwe windturbines in de gemeente ongewenst wordt geacht”.
Fraach 2: Yn it riedsstik wurdt sawol de term Boerenerf as Agrarische bedrijfsbestemming neamd. Dêrom foar alle dúdlikens: -
A. Is der ferskil, sa ja wat is it ferskil en B. Hoe sit it mei Agrarisch relatearre bedriuwen, sa in leanbedriuw of mechanisaasjebedriuw yn it bûtegebiet. Falle dy aanstons ek ûnder dit Paraplu belied?
Antwurd:
A. Op grûn fan ’e provinsjale regels (feroardering Romte 2014) binne wynmûnen allinne tastien op of by in bouperseel fan in besteand agrarysk bedriuw. In agrarysk bedriuw is in bedriuw dat rjochte is op it fuortbringen fan produkten troch it telen fan gewaaksen of it fokken of hâlden fan bisten. In agrarysk bouperseel is in oanien sletten stik grûn, dêr’t troch de regels fan in romtlik plan selsstannige, byinoar hearrende bebouwing, ferhurding en byhearrende foarsjenningen foar in agrarysk bedriuw talitten binne. B. De feroardering Romte makket it pleatsen fan wynmûnen by agrarysk relatearre bedriuwen net mooglik. Om’t de regels fan in provinsje boppe de regels fan in gemeente steane, kin de gemeente gjin rommere regels stelle as de provinsjeregels. It paraplubestimmingsplan beheint him dus ta regels foar it pleatsen fan lytse wynmûnen op of by in bouperseel fan besteande agraryske bedriuwen yn ús gemeente.