7. moasje FNP, CDA, PvdA, GBTL, D66, CU, GL I nije fytspont
Tekst van het document
MOASJE (kêst 31 RvO) Nei oanlieding fan agindapunt fan de ried nr. 7 Fan
:
Douwe Blom, FNP Súdwest-Fryslân CDA, PvdA, GBTL, D66, CU, GL
Oan
:
De foarsitter fan de ried
Ûnderwerp
:
Nije fytspont
Datum riedsgearkomste
:
2 febrewaris 2023
It beried heard; yn betinken hâlde dat:
it netwurk fan fytspaden en pontsjes in suksesfol en unyk toeristyske foarsjenning is; der yn dat netwurk in ferbining ûntbrekt tusken Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren; dit gebiet ûnderdiel is fan it fraaie Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân; us mienskiplike VVV Waterland van Friesland de pontsjes mei as titel ‘Oerstekke’ promoat; fytspontsjes hieltyd populêrder wurde yn Fryslân, it farseizoen sûnt 2021 dan ek flink ferlinge is; rekreaasje en toerisme wichtich is foar de ekonomy, wurk en leefberens yn Súdwest-Fryslân; sawol ynwenners as rekreanten tankber gebrûk meitsje fan alle fytspaden en pontsjes; foar oanfoljende ynformaasje sjoch side 2.
Diktum: fersiket it kolleezje: yn 2023 mei in plan te kommen foar in fytspont tusken (yn e omkriten fan) de Hommerts en Langwar. en giet oer ta de oarder fan de dei. Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten
……………………………………………… Griffier
Stimferhâlding PvdA
CDA
FNP
VVD
GBTL
D66
NIEUW SOCIAAL
VNLB
GL
CU
FvD
TOTAAL
Foar
1
Tsjin
2
Oanfoljende ynformaasje: -
Fergelykbere pontsjes binne der bygelyks by: Terherne, Grou en Earnewâld.
-
Oersicht fan pontsjes yn ‘e Súdwesthoeke. Link: Overzicht van alle pontjes in Zuidwest Friesland | VVV Friesland Zuidwest (waterlandvanfriesland.nl)
-
Besteande fytsrûtes geane oer A. Snits of B. Spannenburg Mooglike lokaasje fytspont
3