CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

6. TV RAAD FNP I antwurden

Raadsvergadering 12 juni 2025, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Strukturele bydrage (konsesjefergoeding) 'Stichting Sneekweek' foar 2026 en fierder945 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Douwe Blom : FNP

Ried

: Ried

Datum

: 12 juny 2025

Agindapunt

:6

Underwerp

: Strukturele bydrage (konsesjesfergoeding) ‘Stichting Sneekweek’ foar 2026 en fierder

1.

Yn bylage 4, samenwerkings- en consessieovereenkomst Sneekweek fan maaie 2023, stiet ûnder artikel 8 punt 4: “Per 2025 ligt het zwaartepunt van de financiering van de Concessiehouder niet meer bij overheidspartijen, maar bij marktpartijen. Partijen treden gezamenlijk uiterlijk in 2024 in overleg met de partijen die het Ambitiedocument Toekomstbestendige Sneekweek hebben ondertekend over de publiek-private financiering van Stichting Sneekweek per 2025.” Wannear hat dit oerlis mei de partijen dy’t it Ambitiedocument ûndertekene hawwe plak fûn? Wat wiene de útkomsten? En binne der konkrete tasizzingen dien oer finansjele stipe út dizze partijen wei oer de perioade nei 2024? Antwurd: Op 18 maart 2024 wie de gearkomste mei de Ried fan Advys en dêrmei alle belutsen stakeholders om it mearjierreperspektyf fan ’e Sneekweek te bepraten. Wethâlder Rietman wie dêrby útnûge as taharker, want de gemeente sit net yn ’e Ried fan Advys. Under dy gearkomste lei de klam foaral op ’e ynhâldlike aspekten. It finansjele perspektyf fan ’e Stichting Sneekweek is dêr lykwols ûnfoldwaande by oan bod kommen. De gemeente hat op 4 april 2024 it mearjierreperspektyf by de stichting opfrege en hat dat, ynklusyf de byhearrende presintaasje, deselde deis krigen. De regy en ferantwurdlikheid foar de fierdere kommunikaasje rjochting de oare stakeholders leit by de Stichting Sneekweek.

De gemeente is derfan útgien dat de stichting ek de oare partijen op itselde stuit, dus 4 april 2024, ynformearre hat.

2.

Yn it Bestuurverslag 2023 fan stichting Sneekweek stiet yn haadstik 4 “Toekomst” op side 7: “Afgelopen jaren heeft de gemeente Súdwest-Fryslân meermaals moeten zorgen voor een aanvullende financiering voor activiteiten die zijn overgedragen aan de stichting Sneekweek. Verder is de stichting op dit moment afhankelijk van financiering uit het Ondernemers fonds Sneek (VOS). Ook hier is het na drie jaar niet meer vanzelfsprekend dat de Stichting Sneekweek een bijdrage krijgt.” Hat it kolleezje nei oanlieding fan dizze warskôging oer it net fanselssprekkend wêze fan de bydrage fan de VOS kontakt socht mei de VOS oer dizze situaasje? Of is dizze warskôging ûnderwerp west fan petearen mei de VOS?

Antwurd: De ekstra bydrage fan ’e gemeente gie spesifyk oer de oerdroegen taken út ’e gearwurkings- en konsesje-oerienkomst. Under de gearkomste fan 18 maart 2024 binne alle belutsen partijen ynformearre oer it mearjierreperspektyf fan ’e Snitswike. De gemeente is derfan útgien dat de Stichting Sneekweek de oare stakeholders dêrnei ek skriftlik ynformearje soe. Yn ’e petearen mei de Feriening Undernimmend Snits (VOS) is wol praat oer de budzjettêre útdagingen, mar net oer it eventueel útbliuwen fan in finansjele bydragen oan Stichting Sneekweek. Om’t op 4 april 2024 it mearjierreperspektyf dield is mei de gemeente, dêr’t in bydrage fan ’e VOS yn opnommen wie, is de gemeente derfan útgien dat de bydrage fan ’e VOS oan ’e stichting boarge wie. 3.

Is der yn oanrin nei it opstellen fan dit riedsfoarstel kontakt socht mei en reaksje frege fan de partijen dy’t it Ambitiedocument Toekomstbestendige Sneekweek ûndertekene hawwe? En wat hat de reaksje west fan’e ferskate partijen? Antwurd: Op 18 maart 2024 wiene de ferantwurdlike partijen út it ambysjedokumint oanwêzich by de gearkomste oer it mearjierreperspektyf en de begrutting fan ’e Snitswike. De gemeente is dêrby útnûge as taharker. De Stichting Sneekweek hat in regyrol yn it dielen fan dy ynformaasje mei de oare stakeholders. De gemeente hat it mearjierreperspektyf en de byhearrende stikken op 4 april 2024 krigen. Wy binne derfan útgien dat de oare stakeholders op dat stuit ek troch de stichting ynformearre waarden. Op basis fan dy ynformaasje is de bydrage 2025 tasein en it foarlizzende riedsútstel opsteld. De stichting hat dêrneist oanjûn dat in mearjierrige finansjele bydrage fan ’e gemeente essinsjeel is foar it oanlûken fan private middels, mei’t sponsorkontrakten faak in mearjierrige rintiid hawwe.

4.

Yn bylage 8, Meerjarenplan Sneekweek fan maaie 2024, skriuwt de Stichting Sneekweek yn haadstik 8 side 14: “De stichting Sneekweek werkt aan een financieel meerjarig fundament. Bijdragen van betrokken partijen,waaronder de gemeente SWF blijven noodzakelijk. Naast de concessievergoeding is een structurele bijdrage uit het ondernemersfonds een vereiste.” Hat de Stichting Sneekweek it kolleezje yn it foar ynformearre oer de stappen dy’t hja ûndernimme soe om dizze ‘vereiste structurele bijdrage’ te ferkrijen? En wannear is de weromkeppeling fan de stichting west op it net slagjen fan it ferkrijen fan dizze bydrage? Antwurd: Nee, dêr is it kolleezje net oer ynformearre. Op 20 maaie 2025 is wethâlder Rietman troch de stichting ynformearre dat de bydrage fan ’e VOS net struktureel takend wurdt. Om’t yn ’e mearjierrige finansjele bydrage de bydrage fan ’e VOS opnommen wie, nei de gearkomste fan ’e Ried fan Advys, dêr’t de gemeente ek oanwêzich wie as taharker, wie der ek gjin oanlieding foar de gemeente om dêr fierder nei te ynformearjen. De gemeente is derfan útgien dat de troch de stichting oanlevere ynformaasje korrekt wie.

5.

Wat is de status fan it “Meerjarenplan Sneekweek” fan maaie 2024 no’t út de kommisjegearkomste bliken docht dat de bydrage fan de VOS net meirekkene wurde kin? En wat is de konsekwinsje foar de Snitswike 2025? Antwurd: De Stichting Sneekweek hat op 26 maaie oanjûn dat in oantal aktiviteiten net útfierd wurde sille. De gemeente hat de Stichting Sneekweek frege om uterlik moandei 9 juny oan te jaan hokker konsekwinsjes dat hat foar de programmearring. Nei oanlieding fan ’e kommisjegearkomste fan 26 maaie hat wethâlder Rietman it inisjatyf nommen om yn petear te gean mei de Vereniging Ondernemend Sneek (VOS). Dêrneist komt der in petear mei de Stichting Sneekweek.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/15663749/1