6. TV Raad FNP I antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Tsjerk Bouwhuis : FNP
Ried
: 14 novimber
Datum
: 4 novimber 2024
Agindapunt
:4
Underwerp
: Programmabegrutting 2025 en mearjierrenrûzing 2026- 2028
It foarstel is om de lisjilden, dy’t op dit stuit 78% kostendekkend binne, te ferheegjen nei 100% kostendekkend. Dêrneist wurdt foarsteld om de tekoarten fan de brêgebetsjinning ek te ferrekkenjen yn de lisjilden. Mei dizze oanpassings soe de ferheging fan de lisjilden úteinlik útkomme op 50%. 1.
Wat betsjut dizze tariefsferheging fan 50% spesifyk foar de faak lytsere boaten yn ús gemeente? Antwurd: Yn de begrutting is dit in ferheging fan 50%. De werklike opbringst fan de ôfrûne jierren wie heger as begrutte. De werklike opbringst is ûnder oare ôfhinklik fan it tal passanten dat ús havens opsiket en bliuwt oernachtsjen. No't bliken docht dat mei de hjoeddeiske tariven der yn trochsneed in mearopbringst is, hoege in tal tariven net te omheech te gean mei 50%, mar mei 35% om yn line te bliuwen mei de fêststelde begrutte opbringst fan 1,5 miljoen. Wat betsjut de taryfsferheging konkreet foar plezierfartugen fan bygelyks 5 meter: Plezierfartugen per jierrabonnemint (fêste lisplakken) Foarsteld taryf 2025 € 26,25 x 5 meter = € 131,25 jiers. Fêststeld taryf 2024 € 19,45 x 5 meter = € 97,25 jiers. In ferskil fan € 34,00 foar in jierabonnemint. Plezierfartugen nachts foar in lisplak mei stroomfoarsjenning (passanten) Foarsteld taryf 2025 € 2,05 x 5 meter = € 10,25 de nacht. Fêststeld taryf 2024 € 1,50 x 5 meter = € 7,50 de nacht. In ferskil fan € 2,75 de nacht.
2.
Kin der ûnderskied makke wurde yn de tariefsferheging foar grutte en lytsere boaten? Wat soe it effekt wêze as de tariefsferheging allinnich foar gruttere boaten jilde soe? Antwurd: It is willekeurich om in ûnderskied hjirtusken te meitsjen, omdat se fan deselde foarsjenning genietsje. It effekt is dan in mindere opbringst, dy't wer earne oars yn de lisjild ferhelle wurde moat om de begrutting te heljen.
3.
Kin ynsichtlik makke wurde hoefolle en wer de ynkomsten wei komme? Antwurd: De ynkomsten komme benammen út de opbringsten fan it lisjild foar de passanten, dat is yn trochsneed 78%. De tariven foar de jierabonneminten fan de fêste lisplakken jouwe in gemiddelde opbringst fan 10%. De oare persinten binne ferdield oer de oare tariven fan ûnder oare de passazjiersskippen, wenskippen, frachtskippen en campers.
4.
Ken in ferheging fan 50% ek as ûnreedlik beskôge wurde troch de rjochtbank? Antwurd: De ferheging is yn fergelyk mei omlizzende gemeenten ridlik (35%). Ek binne de tariven foar passanten ferline jier net ferhege.
5.
Hoe ferhâldt it nije tarief him mei mooglike tariven yn buorgemeenten? Antwurd: De foarstelde tariven komme reedlik oerien mei omlizzende gemeenten. De tariven foar passanten binne binnen de gemeente ynklusyf de measte foarsjenningen, lykas ûnder oare stroom. Dit jildt foar omlizzende gemeenten net. Ek is it brêgejild binnen de gemeente fergees, dat ferskilt mei omlizzende gemeente dy't foar it iepenjen fan de brêge wol kosten yn rekken bringe. Dêrby binne de tariven foar passanten it ôfrûne jier net ferhege.
6.
Wurdt der by de tariefsferheging ek ûnderskied makke tusken de passantehavens en de fêste lisplakken? Jildt de ferheging fan 50% dus foar beide, sawol de passantehavens as de fêste lisplakken? Antwurd: Foar 2025 wurdt foarsteld om de tariven fan de plezierfartugen per nacht (passanten), de plezierfartugen per jierrabonnemint (fêste lisplakken) en de steanplakken foar campers per nacht te ferheegjen mei 35%. Hjir wurdt dus gjin ûnderskied makke.