6. TV RAAD FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter FNP
Riedsgearkomste Datum:
8 july 2021
Agindapunt: Underwerp:
Koersnota
Tidens de brede kommisjegearkomste wie ûndersteande fraach/opmerking net dúdlik en is der ôfpraat dizze fraach technysk te stellen. Ynlieding Side 10, Blok 4: - Domeinoverstijgende samenwerking ‘.......We pakken de gezondheidsvraagstukken vanuit een breed perpectief aan. We investeren op de domeinoverstijgende samenwerking tussen het sociale (gemeente) en medische domein (zorgverzekeraar, zorgkantoor, huisartsen, wijkverpleegkundigen......’ Sosjaal en medysk wurdt der gearwurke. Gearwurkje is in goed ding. As bij de soarch (sosjaal en/of medysk) meardere dissiplines belutsen wurde sit der in reëel gefaar yn dat de soarch yngewikkelder wurdt foar de boargers en/of kliïnten. Mar ek de ynset fan meardere dissiplines kin fertraagjend wurkjen gean. Fraach: - Hoe giet dit oant no ta en wurdt mei dizze risiko’s rekkening holden? Sa ja, hoe dan? Antwurd: Us ynstek is útgean fan de saneamde omjouwing (‘leefwereld’) fan de ynwenner. Hja moat der feitlik sa min mooglik lêst fan hawwe dat de soarch yn Nederlân finansierd wurdt fanút ferskate wetten. Wy wolle dat de ynwenner sa gau as mooglik holpen wurdt en dat de soarch fan wikseljende soarchferlieners op inoar ôfstimd is. Wy sjogge hoe’t wy dit makliker meitsje kinne en bringe dit yn de praktyk. Hjirfoar hâlde wy ûnder oare in proef (‘pilot’), wêryn’t de wykferpleechkundige ek de Wmo Húshâldlike Help oanjout (‘indiceren’).
Tagelyk wurdt dan ek it medysk previnsjepetear hâlden. In oar foarbyld is it wurkjen mei yntegrale teams foar ynwenners mei EPA (‘ernstige psychiatrische aandoening’) fanút de GGZ, Gebietsteam, VNN en it UWV. Dizze pilots wurde evaluearre en dêrby freechje wy ek nei de ûnderfiningen fan de ynwenners. Wat de pilot Húshâldlike Help oangiet hawwe jo koart lyn in aktive ynfo krigen. In aktive ynfo oer de EPA-pilot krije jo nei de simmer. We sjogge net nei wat net kin, mar sykje nei de opsjes en de grinzen fan de wetten. Bytiden wriuwt dat. Dêrom prate wy op lanlik en regionaal nivo oer kasussen mei soarchpartners en finansierders
(soarchfersekerders en ministearje). Hjir leare wy fan, gauris is mear mooglik dan wy yn it foar tochten. Dêrneist meitsje wy yn gearwurking mei De Friesland en soarchpartijen in saneamde ‘Samenwerkingsagenda’ wêryn’t wy ambysjes formulearje en dêrnei konkrete plannen útwurkje, sadat wy nei de takomst betelbere en passende soarch en stipe beskikber hawwe foar ynwenners.