6. TV RAAD FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Sicco Rypma : FNP
Riedsgearkomste Datum
: 10 novimber 2022
Agindapunt
:6
Underwerp
: Programbegrutting 2023 >
1.
Side 83. Gemeentelik Gebouwen Guon histoaryske gebouwen wurde ferhierd of yn brûklien jûn oan lokale stichtingen. Sa as bygelyks De Waach fan Makkum, dizze wurdt brûkt troch de Stichting Ald Makkum. Hjir is yn 2002 in brûklien oerienkomst foar ôfsluten mei as betinkst ‘geen vergoeding aan de gemeente verschuldigd’. Dizze brûklien oerienkomst soe omsetten wurde moatte nei in hieroerienkomst mei wetlik ferplichte kostendekkende hierpriis dy’t oprint nei €.843,00 eks btw yn e moanne. Fraach. a. Hokker wet ferplicht dat b. en op hokker grûn wurdt de besteande oerienkomst út 2002 troch de gemeente ynlutsen. Antwurd: a. De Wet Markt en Overheid bepaalt dat as in gemeente in gemeentlik gebou yn gebrûk jout, se ferplichte is, om op syn minst, de yntegrale kostpriis yn rekken te bringen. b. De brûklienoerienkomst is yn striid mei de Wet Markt en Overheid en yn begjinsel neatich. De gemeente moat de brûklienoerienkomst dus oanpasse. De Autoriteit Consument en Markt(ACM) sjocht dêr op ta.
2.
De gemeente is op e hichte dat de neamde stichting gjin finansjele mooglikheden hat om de easke hier te beteljen. Fraach. Wurdt troch de gemeente in oplossing oanbean om bgl mei besteande subsydzjes of oare regelingen de oerienkomst tusken Ald Makkum en gemeente fuortsette te kinnen. Antwurd: Stichting Ald Makkum brûkt de jierlikse gemeentlike subsydzje fan € 1.029,- al foar histoaryske ferieningen. Dy regeling passe wy fan 2024 ôf oan, mar de bedraggen bliuwe likernôch itselde. De subsydzje is foaral bedoeld foar aktiviteiten dy’t rjochte binne op it útdragen fan ’e kearndoelen fan ’e histoaryske feriening, mar soe ek foar in part brûkt wurde kinne foar húsfêsting. Oanfoljende subsydzjes op it mêd fan húsfêsting jouwe wy net, om’t dat gjin kearndoel is fan ’e histoaryske feriening.
De hieroerienkomst soe fan jannewaris 2023 ôf yngean, mar is nei in resinte besite fan wethâlder Van den Akker opskood nei ein 2023. Dat hawwe wy dien om de stichting (noch) mear romte te jaan om in oplossing te sykjen. (Maart 2022 hat wethâlder Bakker om deselde reden west.) By de besite fan wethâlder Van den Akker hat de wethâlder de suggestje oan ’e stichting dien om yn petear te gean mei oare histoaryske ferieningen oer hoe’t sy finansjeel sûn bliuwe kinne. 3. Fraach. Binne der mear hierders, brûkers fan gemeentelike gebouwen dy’t troch dizze wetlike regeling yn de problemen komme en holpen wurde moatte? Antwurd: Foar safier bekend, binne der op dit stuit gjin hierders of brûkers, dy 't troch de wet merk en oerheid, yn de problemen komme. ( útsein stichting Ald Makkum )