6. TV FNP l antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Tsjerk Bouwhuis FNP Súdwest-Fryslân
Kommisjegearkomste DSO Datum:
12 jannewaris 2021
Agindapunt:
6
Underwerp:
Nota Iepenbiere Romte
Ynlieding De FNP hat in fraach, nei oanlieding fan kontakt mei ‘Panel Groenspoor Wijkbelangen Hemdijk Sneek’. Sy binne tige warber om de flora en fauna fan en rûnom it Spoordok te beskermjen. It Panel skriuwt ús: In de Nota Openbare Ruimte worden een aantal dingen genoemd die van belang zijn en de ambities van gemeente/provincie en Wetterskip uitspreken. Bij het behoud van kapitaalgoederen zijn de bevordering van biodiversiteit, waterberging, Stikstof/ Pefas problematiek en duurzaamheid sleutelbegrippen. Kan de gemeente derden (zoals Prorail met betrekking tot het Spoordok) opdracht geven tot onderhoud ten aanzien van de daarbij behorende zorgplicht van een bepaald gebied, dat van hoog ecologisch van belang is als corridorfuntie tussen het buitengebied en binnenstedelijke natuurzones . (koers van sneek 2002 )(habitat richtlijn)(natura 2000)? Fraach: -
Algemien: Hoe wurde gebieten dy’t net eigendom binne fan de gemeente meinommen yn de Nota Iepenbiere Romte oangeande de hjirboppe neamde begripen sa as soarchplicht en befoardering biodiversiteit ? Spesifyk: En hoe sit dat spesifyk by it Spoordok, wêr Prorail eigner is? Wat foar ferplichtingen hawwe dy, at it om de Nota Iepenbiere Romte giet?
Antwurd: - Algemien: De Nota Openbare Romte giet oer it yn stân hâlden fan it gemeentlik kapitaalguod. It kapitaalguod dat yn eigendom is fan in oar falt hjir net ûnder. - Spesifyk: Lyk as eltse eigner moat Prorail har hâlde oan wetlike rjochtlinen en de soarchplicht sa as de ‘Natuurbeschermingswet’ of de keur fan Wetterskip Fryslân. Eltse eigner is sels ferantwurdlik foar it neikommen fan dizze ferplichtingen.