CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

6. TV CIE FNP I antwoorden

Raadsvergadering 23 mei 2024, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Planologyske ynstimming ferpleatse Poiesz Supermarkt yn Koudum584 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

René van der Ley FNP

Kommisjegearkomste DSO Datum:

07-05-2024

Agindapunt:

5.

Underwerp:

Planologyske ynstimming ferpleatse Poiesz Supermarkt yn Koudum

Fraach: 1. wat is it ferskil tusken in planologyske ynstimming of it oanpassen fan it bestimmingsplan, wat binne de foar en neidielen Antwurd: Wannear’t in ynisjatyf net yn it jildende bestimmingsplan past, binne der twa opsjes: it bestimmingsplan feroarje of mei in omjouwingsfergunning ôfwike fan it bestimmingsplan. De oanfrager kiest de prosedure. Hjir is it kolleezje frege om in útwreide omjouwingsfergunning te ferlienen. Foar de oanfrager hat dit it foardiel dat er by it ferlienen fan de omjouwingsfergunning net allinnich tastimming hat foar it gebrûk fan de grûn foar in supermerk, mar ek de tastimming krije kin om te bouwen. As allinne it bestimmingsplan feroare wurdt, had de oanfrager dêrnei noch in omjouwingsfergunning nedich foar it bouwen. Foar beide opsjes jildt de útwreide foarbereidingsproseduere (ûntwerpbeslút, sjochswizentermyn, definityf beslút) mei in beslistermyn fan 6 moannen. Yn’e praktyk duorret it feroarjen fan in bestimmingsplan faak wat langer. Foar beide prosedures jildt as ôfwegingskader “in goede romtlike oardening”. De fraach dy’t de gemeente beantwurdzje moat, is: kin it ynisjatyf dat yn striid is mei it bestemmingsplan dochs tastien wurde om’t it yn oerienstimming is mei dizze goede romtlike oardening.

It oar ferskil is, dat de gemeenteried in bestemmingsplan fêststelt en it kolleezje beslút oer in oanfraach foar in omjouwingsfergunning om ôf te wiken fan it bestemmingsplan. It kolleezje mei sa’n omjouwingsfergunning lykwols net ferliene as de gemeenteried beswieren hat by it ynisjatyf. As it kolleezje konkludearret dat in ynisjatyf yn oerienstimming is mei in goede romtlike oardening, wurdt de ried yn de proseduere frege om in ferklearring fan gjin beswieren ôf te jaan. De gemeenteried kin de ferklearring wegerje, mar allinnich yn it belang fan in goede romtlike oardening.

In planologyske ynstimming is in foarbereidingshanneling wêrby’t de gemeenteried it beslút oer in yntsjinne oanfraach foar in (útwreide) omjouwingfergunning fierder oerlit oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn plak fan sels troch in ferklearring fan gjin betsjingst hjir oer te beslúten. Deze ynstimming is basearre op de oanfraach (in konkreet ynitiatyf) en hâldt rekken mei de ôfwiking wêrfoar’t de fergunning frege wurdt, in goede romtelike oardening, it gemeentlik belied en it juridysk kader. It kolleezje kin dêrnei de prosedure begjinne foar in goed romtlik motivearre beslút op de yntsjinne oanfraach. Foar in oanpassing fan it bestimmingsplan (of tsjintwurdich it omjouwingsplan) is net altyd in fersyk nedich. De gemeente kin ek sels it ynitiatyf nimme. By in omjouwingsplan kin de ûntwikkeling dus minder konkreet wêze as by in fergunning, of kinne der mear ûntwikkelingen yn ien plan opnommen wurde. De oanfrager kiest dus de prosedure en mei in fergunning kin yn ien kear tastimming foar it gebrûk fan de grûn en it bouwen jûn wurde. Hjit stjit wol tsjinoer, dat by in fergunning de fergunninghâlder him hâlde moat oan it plan wêrfoar’t de fergunning ferliend is (maatwurk).

Fraach: 2. Wêrom binne beide ûndersiken troch itselde buro útfierd? Antwurd: De detailsstructuurvisie skriuwt foar dat der by de ferpleatsing fan in supermerk ûnôfhinklik ûndersyk dien wurde moat. It twadde ûndersyk is net in nij ûndersyk mar in ferdjipping fan it earste ûndersyk. Hjirby is spesifiek yngien op it alternatyf dat troch de wurkgroep yntsjinne is, de beheiningen yn it bestimmingsplan yn ferhâlding ta de Dienstenrichtline, en wurdt djipper yngien op de gefolgen foar de struktuer en de krêft fan it winkelgebiet yn Koudum.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/14120135/2