6. TV CIE FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Tsjerk Bouwhuis : FNP
Kommisjegearkomste
: DSO
Datum
: 8 oktober 2024
Agindapunt
:6
Underwerp
: Reservearje bydrage út Ontwikkelfonds foar Flexaterrein yn Snits
1.
Mocht de ûntwikkeling by it Flexaterrein heger útfalle, is dan de ferdieling fan ekstra kosten ik 62/38%? Binne hjir ôfspraken oermakke? Sa nee, werom net? Antwurd: D’r binne gjin ôfspraken makke oer finansjele tsjinfallers. De ûntwikkeling wolle wy realisearje mei it budzjet dat wy hawwe.
2.
Werom foldocht en wêrút blykt dat dit projekt past binnen de kaders die fest stelt binne om jild te ûntlûken út it Untwikkelfûns? Antwurd: Wy hantearje by it ûntwikkelfûns in oantal ramten om te soargjen dat de middels sa effektyf en mei safolle mooglik impact ynset wurde. Haadpunt is dat it giet om majeure projekten mei in brede ympakt dy't ek liede, of tegearre gean, mei majeure ynvestearring fan oare partijen. Sa lizze wy ekstern jild oan tsjin ús krappe middels. It Flexaterrein en de beëage ynfolling dêrfan passe dêr hiel goed yn. It projekt draacht by oan ferskate doelstellingen: foldwaande en goede wenten, in goed foarsjennings - en detailhannelnivo, yn en om de binnenstêd fan Snits hinne. Mar ek in grutte slach yn de stêdeboukundige kwaliteit fan dit part fan Snits en de feilige berikberens oer wetter en dyk. It gebiet docht sawol oer de dyk as it wetter no in grutte ôfbrek oan wat we mei Snits foar eagen ha: in brûzende, moaie stêd foar ynwenners en besikers. Wy meitsje mei it projekt ek ‘wurk mei wurk’ en kinne de feiligens fan de Oude Oppenhuizerweg ferbetterje. Dit alles is wêrom at oan de ried foarsteld wurdt de ynvestearring dy't nedich is, te dekken út it Untwikkelfûns.
3.
Kin de finansjele paragraaf ik dield wurde mei de ried? Sa nee, werom net? Antwurd: De finansjele paragraaf kin noch net mei de ried dield wurde. In oersjoch fan de kosten stiet yn de notysje dy't in ûnôfhinklik buro opsteld hat. It kolleezje hat noch gjin geheimhâlding oplizze kinnen op de ynhâld dêrfan. Dit is wol fan belang om't der oanbestegingsgefoelige ynformaasje yn stiet. Om dy reden kriget de ried de notysje en de finansjele paragraaf ûnder geheimhâlding by it foarstel om de Stedeboukundige Underbouwing Flexaterrein fêst te stellen (behanneling op 19 desimber 2024). Op dat stuit sil de ried ek frege wurde om de reservearre middels foar dizze ûntwikkeling te aktivearjen.
Dit betsjut dat de ried op it stuit dat er beslút om it jild echt beskikber te stellen, ynsjoch hat yn de finansjele paragraaf fan it projekt. 4.
Kin de notysje die opsteld is troch it "bureau" wêrút blykt dat de kosteferdieling objektyf en rjochtmjittich is ek dield wurde mei de ried? Sa nee, werom net? Antwurd: Sjoch it antwurd by fraach 3.
5.
Werom is it nedich om yn de ried fan 24 oktober 2024 dizze 1,4 miljoen te ûntlûken út it ûntwikkelfûns en net tegearre mei it beskikber stellen fan die oare 1,4 miljoen yn de ried fan 19 decimber? Antwurd: De ried wurdt mei dit foarstel frege om foar dizze ûntwikkeling jild te reservearjen út it Untwikkelfûns. Wy hiene hope om jo tagelyk de stêdeboukundige ûnderbouwing foar te lizzen. Dit is spitigernôch net slagge om't der noch petearen fierd wurde oer de puntsjes op i dêr't it giet om de iepenbiere romte (it parkearterrein). Mar wy wolle it ‘momentum’ tegearre mei de inisjatyfnimmers foar dizze ûntwikkeling net ferlieze. Dêrom is derfoar keazen om de ried no foar te stellen in bydrage út it Untwikkelfûns te reservearjen, yn de ried fan 14 novimber te besluten oer it restearjende bedrach dat yn de programmabegrutting opnommen is en dêrnei yn de ried fan 19 desimber foar te stellen om de stêdeboukundige ûnderbouwing fêst te stellen én op dat stuit de reservearre middels te aktivearjen.
6.
Wêrút docht bikken dat de oannommen moasje fan D66 op 19-12-2019 goed útfierd is? Antwurd: Mei it amendemint fan D66 is it riedsfoarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan wizige yn dy sin dat dêroan taheakke is: 5. vast te stellen dat alle kosten, voortvloeiend uit te nemen verkeersmaatregelen, zowel aan de kant van de Oppenhuizerweg als aan de boulevardkant, voor het traject tussen de rotonde richting de Oude Oppenhuizerweg en de Oosterpoortbrug, ten gevolge van de verhoogde verkeersdrukte ten laste komen van de projectontwikkelaars (VOF Oppenhuizerweg of haar rechtsopvolgers). De kosten dy't folgje út de te nimmen ferkearsmaatregels komme substansjeel foar rekken fan de inisjatyfnimmers. Dat betsjut net dat alle kosten foar rekken fan harren komme. De reden dêrfan is dat de ferkearsmaatregels dy't wy nimme wolle, ekstra binne neffens it earste plan. Mei nei oanlieding fan de ek oannommen moasje om in feilige fyts- en fuotgongersrûte te realisearjen en de dyk yn te rjochtsjen as 30 km/oere sône.