6. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner
: Thea Hoekstra
Fraksje
: FNP
Kommisjegearkomste/Ried
: Kommisje Boarger en Mienskip
Datum
: 5 juny 2024
Agindapunt
: Jierstikken gemeente SWF 2023, side 126
Underwerp
: Multyfunksjoneel sintrum De Utherne
1.
Wy kinne lêze op side 126 fan de Jierstikken dat de skjinmakkerij- en ûnderhâldslêsten fan De Utherne €68.000 heger as begrutte binne. It giet om de kosten foar de ynhier fan twa behearders dy’t wurksumheden foar lyts ûnderhâld en skjinmakwurksumheden útfiere. Wat is de oarsaak dat dizze kosten safolle heger útfallen binne? Antwurd: Yn 2017 hat it kolleezje besletten om in oerienkomst te sluten mei in behearderspear. MFC De Utherne kampte jierrenlang mei in negative eksploitaasje. Nei de ferbouwing fan de MFC en it oanstellen fan behearderspear hopet it kolleezje de eksploitaasje fan dizze MFC ferheegje te kinnen. Utgongspunt is in eksploitaasje dy’t de kosten dekt yn 4 jier. Us finansjele stipe is sa opboud: • Behearfergoeding; • Skjinmakfergoeding; • Ûnderhâldfergoeding. Fanwegen de coronapandemy is de oerienkomst fan it behearderspear stilswijend ferlinge. De lêste jierrekkens fan it behearderspear litte sjen dat se noch hieltyd de fergoeding fan de gemeente nedich hawwe. Dit hat noch te krijen mei de gefolgen fan de coronapandemy (ferplichte sluting). Fanwegen it stilswijend ferlingjen fan de oerienkomst is de fergoeding foar it behearderspear net yn de begrutting meinaam, mei as gefolch dat der oer de plande kosten hinne gien is.