6. Moasje FNP, CDA, GL, PVV, D66, CU I Fêstlizze fan ferdieling finansjele tsjinfallers
Tekst van het document
MOASJE (kêst 28 RvO) Nei oanlieding fan agindapunt fan de ried nr. 6 Fan
:
Tsjerk Bouwhuis – FNP CDA, GL, PVV, D66, CU
Oan
:
De foarsitter fan de ried
Ûnderwerp
:
Fêstlizze fan ferdieling finansjele tsjinfallers
Datum riedsgearkomste
:
24-10-2024
It beried heard; yn betinken hâlde dat: − yn de antwurden op de earder stelde technyske fragen troch de FNP wurdt troch it kolleezje oanjûn dat der gjin ôfspraken makke binne oer finansjele tsjinfallers; − it fêstlizzen fan ôfspraken oer de ferdieling fan finansjele tsjinfallers soarget foar dúdlikheid en foarkomt takomstige konflikten. Alle partijen witte foarôf wêr't se oan ta binne; − oer it budzjet gean is faak ûnûntkomber by grutte projekten. Troch in ôfsprutsen ferdieling fan finansjele tsjinfallers wurdt it risiko earliker ferspraat. Dit foarkomt dat ien partij ûnevenredich swier belêsten wurdt, wat liede kin ta finansjele problemen of sels it stopsetten fan it projekt; − as alle partijen witte dat se by finansjele tsjinfallers, meibetelje moatte, is der mear motivaasje om de kosten mei-inoar goed te bewaken en effisjint te wurkjen. Dit helpt om binnen it budzjet te bliuwen. − in oerienkomst biedt juridyske wissichheid foar alle belutsenen. Mocht der in skeel ûntstean oer finansjele tsjinfallers, dan biedt de oerienkomst in dúdlik ramt dêr't de situaasje yn beoardiele en oplost wurde kin. Diktum: − ropt it kolleezje op om yn de petearen dy’t noch plakfine moatte mei de inisjatyfnimmer fan it Flexaterein, de kostenferdieling oan de oarder te stellen, en de kostenferdieling fan 62/38% ek fan tapassing wêze te litten op in mooglik finansjele tsjinfaller fan it projekt.
En dit fêst te lizzen yn in oerienkomst. en giet oer ta de oarder fan de dei. Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten
……………………………………………… Griffier
Stimferhâlding PvdA Foar Tsjin
CDA
FNP
VVD
GBTL
D66
NIEUW SOCIAAL
PVV
GL
CU
FvD
Mooi SWF
TOTAAL