CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

5. FNP I Oankeap grûn De Marne Boalsert

Raadsvergadering 14 maart 2024, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Aangekondigde vragen267 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Aktuele fragen (kêst 33 RvO) Fan

:

René van der Leij -FNP

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Underwerp

:

Oankeap grûn De Marne Boalsert

Datum riedsgearkomste

:

14-03-2024

Oanlieding: Op tiisdei 27 febrewaris publisearre de ljouwerter Krante dat ‘It Túnsintrum Boalsert oan De Marne yn Boalsert opkocht is troch de gemeente Súdwest-Fryslân. En ûndersocht wurdt hokker bedriuwsbestimming dit wurde kin.’ Sa 't de FNP al oanjoech yn de riedsgearkomste fan 22 -12 -22 is in tydlike ferpleatsing fan de miljeustrjitte nei Snits úterst ûngelokkich. Dit omdat de nije tydlike lokaasje yn Snits in hiel stik minder sintraal leit yn ús gemeente en dêrtroch in hiel stik minder goed te berikken is foar ús ynwenners. Dat docht bliken út It tal fan skriftlike beswieren en reaksjes fan belutsen ynwenners út ferskate kearnen yn en om Boalsert dy 't wy as FNP, mar ek as ried krigen hawwe. De FNP freget it kolleezje dan ek te ûndersykjen oft in miljeustrjitte op dit plak yn Boalsert mooglik is. Fragen: 1. Is it Kolleezje al dwaande mei in ûndersyk foar in geskikte lokaasje, en binne der foarsichtich al resultaten te melden 2. Sjocht it kolleezje mooglikheden om te ûndersykjen oft dit stik grûn brûkt wurde kin foar in miljeustrjitte. 3. Binne der neist dizze grûn noch oare lokaasjes yn byld by de gemeente foar it realisearjen fan in miljeustrjitte? En sa ja, hokker lokaasjes binne dat? 4. Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de definitive miljeustrjitte of ‘upcycle’sintrum op in sintrale plak yn ús gemeente lizze moat. En dat Boalsert der de bêste papieren foar hat?

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/13922665/1