4. TV RAAD FNP I antwurd
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter Postma FNP
Riedsgearkomste Datum: Agindapunt:
13 novimber 2025 4
Underwerp:
Skoalmaatskiplik wurkers
1. side 16 - Punt 4 We investeren in preventie en vroegtijdige signalering om complexe trajecten en duurdere zorg te voorkomen. Indicatoren: - Schoolmaatschappelijk werkers ondersteunen jeugdigen van 12-18 jaar op school en op de peuteropvang - We werken samen met onderwijs en partners aan gezamenlijke onderwijszorgarrangementen Moai dat troch de saneamde ‘onderwijszorgarrangementen’ de soarch en it ûnderwiis tichter byelkoar komme. Sa kinne se elkoar oanfulle Skoalmaatskiplik wurk spilet hjir in grutte rol yn. Ôfrûne jier ha we fernommen dat der eins te min skoalmaatskiplik wurkers wiene. Skoallen mei bygelyks in protte flechtling bern hiene der ferlet fan, mar koene der net oer beskikke. Hoe is de stân fan saken no oangeande de beskikberens fan skoalmaatskiplik wurkers en dan mei namme t.o.f de skoallen wêr in protte bern fan bygelyks ûkraïners yn de groepen sitte. Antwoord: Skoalmaatskiplik wurkers stypje jongerein fan 2 oant 18 jier op skoalle (PO, VO en MBO) en op de pjutte-opfang. Oan elke skoalle is in skoalmaatskiplik wurker ferbûn. Dy wurde bekostige út de gemeente wei en dit giet yn totaal 9 fte. Pjutteopfang en skoallen melde bern oan fia in algemien oanmeldformulier. Dizze oanfragen wurde sa gau as mooglik pakt troch de belutsen skoalmaatskiplik wurker. Der steane wol bern op de wachtlist, mar dit binne net spesifyk flechtlingen bern en / of bern út Oekraïne.
De skoalmaatskiplik wurkers wurkje hurd om sa gau as mooglik mei oanmelde bern yn petear te gean. Dit slagget net altyd. Ek is de skoalmaatskiplik wurker in soad tiid kwyt oan reizen, om't guon skoallen fier útinoar lizze en / of dat der skoallen binne dy't wat fierder fuort lizze. Njonken de 9 fte út de gemeente wei is der in 'vliegende keep' dy't eventuele bern op de wachtlist oppakke kin. Dit is tydlik jild, bekostige fanút meibeteljende skoallen en komt del op 1 fte. Ut petearen mei skoallen hat bliken dien dat dat net altyd noflik is foar learlingen, omdat se dan net in fêst gesicht hawwe.
Ek binne der basisskoallen dy't net mei betelje, dêr't wol bern fan oanmeld wurde. Dy wurde fansels sa gau as mooglik oppakt troch de skoalmaatskiplik wurker ferbûn oan dy skoalle, mar der steane hjirtroch ek bern wat langer op de wachtlist. Dit is oer it algemien net wat wy wolle en dit fielt ek hiel ûngemaklik foar de skoalmaatskiplik wurkers sels. It leafst wurkje wy mei fêste gesichten foar elke skoalle, dy't genôch tiid hawwe om te reizgjen en om oanmeldings fluch op te pakken en goed yn petear gean kinne mei de jeugdigen. Dat slagget, mar stiet wol ûnder druk.