CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

4. TV CIE FNP I antwoorden

Raadsvergadering 13 november 2025, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Programmabegrutting 2026 en mearjierrenrûzing 2027-2029271 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Tsjerk Bouwhuis : FNP

Kommisjegearkomste

: DSO, BM, BF

Datum

: 28-10-2025

Agindapunt

:4

Underwerp

: Programmabegrutting 2026 en mearjierrenrûzing 2027-2029

1.

Side 79, punt 19 - De houten brêgen oer de rûnwei fan Snits binne yn eigendom fan Rijkswaterstaat. Wêrom komme de kosten foar de tydlike brêge dan dochs foar rekken fan Súdwest-Fryslân, en net fan Rijkswaterstaat sels? Antwurd: De gemeente finansiert in lyts part mei fan kosten foar de tydlike brêge, Rijkswaterstaat betellet it grutste part hjir fan. De gemeente docht dit omdat der in grut belang is foar alle ynwenners en brûkers fan e dyken foar in tydlike brêge. As der gjin tydlike brêge wêze soe, is dit neidielich foar de berikberens fan Duinterpen en Lemmerweg-west, mar hat dat ek gefolgen foar de it ferkear op de N354 Lemmerweg, de rotonde Koningspil/Keizersmantel en it ferkear Keizersmantel. Derneist ha de need- en helptsjinsten easke dat der in ferbining bliuwe soe. Omdat der in algemien belang is doche we yn oerlis mei Rijkswaterstaat in bydrage foar de tydlike brêge.

2.

Side 175, bylage F subsydzje ûntfangers Stichting Dutch Youth Regatta,Warkum. - Kinne wy hjirút opmeitsje dat de Regatta yn 2026 weromkomt nei Warkum? Antwurd: It is noch net wis oft de Dutch Youth Regatta yn Warkum takom jier weromkomt. Der is meardere kearen kontakt socht (troch team sport) yn ferbân mei de subsydzje-oanfraach, mar oant no ta is der noch gjin reaksje kommen fan de stichting. De Dutch Youth Regatta is foar takom jier noch wol yn de bylage opnaam, omdat we it evenemint wol in kâns jaan wolle.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/16142273/1