CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

4. FNP I Wenningbouplannen Hylpen

Raadsvergadering 11 mei 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Aangekondigde vragen422 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Aktuele fragen (kêst 36 RvO) Fan

:

Tsjerk Bouwhuis -FNP

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Underwerp

:

Wenningbouplannen Hylpen

Datum riedsgearkomste

:

11-5-2023

Oanlieding: Tongersdei 4 maaie publisearre de Telegraaf in artikel "Inwoners Hindeloopen luiden noodklok vanwege gebrek aan woningen voor jonge gezinnen". It artikel rôp by de fraksje fan de FNP fernuvering op. Dat der yn Hylpen krekt as yn in soad oare kearnen yn Súdwest-Fryslân in tekoart oan betelbere wenningen is, is de fraksje wol bekend fansels. Te lang hat dat gjin prioriteit west, om gewoane wenningen te bouwen dy’t men mei in gewoane baan ek noch gewoan betelje kin. Mar yn Hylpen wienen krektlyn 8 mooglike boulokaasjes foarlein oan de stêd yn in grôtfolle Foeke. Takomst en plannen genôch, soenen je tinke. Dêrom dan no ek de fernuvering bij de FNP-fraksje om’t de 8 mooglike lokaasjes al wer út byld binne by de gemeente, twa nije lytse lokaasjes binne derby kaam en der is fierder gjin sicht mear op gruttere útwreiding neffens Nó Hylpen. Dizze ûntwikkeling fynt de FNP soarchlik en ek net kinnen. De skoalle komt hieltyd tichterby de krityske ûndergrins. En dêrmei de taal en kultuer fan de stêd hieltyd mear ûnder druk. De taal en kultuer fan Hylpen is fan grutte wearde en fertsjinnet serieuze oandacht. En mei 20 wenningen is dizze net fersekere. Ut de enkête fan Nó Hylpen die bliken dat der gau ferlet is fan 25 wenningen en op termyn 89. De FNPfraksje is fan miening dat dizze sifers passe by Hylpen.

Der soe dan ek in plak fan oanpak komme moatte om dit ta útfiering komme te litten. De stêd hat ferlet fan dúdlikens en in fyzje om de taal en kultuer der’t se sa grutsk op binne te behâlden. Fragen: 1. Hoe ferrinne de petearen mei Hylpen neffens it kolleezje? Dit omdat der soarchlike sinjalen de FNPfraksje berikke. Ofspraken wurde net neikommen, stikken wurde net opstjoerd, der is gjin oerlis en de omgong mei de wurkgroep giet net goed en dêrtroch fielt de wurkgroep him net serieus nommen. 2. Kloppet it dat de 8 mooglike boulokaasjes alwer fan tafel binne en twa nije lytsere lokaasjes noch net mei de ynwenners fan de stêd bepraat binne? 3. Kloppet it dat der gjin sicht mear is op fierdere útwreiding as 20 wenningen yn Hylpen? 4. Is it kolleezje ree om mei Hylpen in fyzje te meitsjen om foar de takomst boarch te stean foar taal en kultuer, de skoalle, ferienings en al it oare weardefolle fan de stêd?

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/12738683/1