4. FNP I gjin tariven spesifikaasje by oanslach gemeentelike heffingen
Tekst van het document
Fragenhealoere (kêst 36 RvO) Fan
:
FNP Sicco Rypma
Oan
:
De foarsitter fan de ried
Ûnderwerp
:
gjin tariven spesifikaasje by oanslach gemeentlike heffingen.
Datum riedsgearkomste
:
3 Maart 2022
Oanlieding: Yn 2020 hat de ried oantrune om tenei in dúdlik folslein oersicht fan de tariven by de jierlikse oanslach ‘gemeentlike heffingen’ te foegen. Ynklusyf de ekstra oanslach foar it Undernimmersfûns. Dat is yn 2021 dan ek útfierd (sjoch side 2). Mar dit jier stiet der gjin oersicht fan tariven by de oanslach of yn de ynformaasjebrief. Dêrmei is net foldien oan de ôfspraak út 2020 en is de oanslach gemeentlike heffingen net transparant. Us ynwenners hawwe net de ynformaasje krigen wêr se rjocht op hawwe.
Fragen: 1. Wêrom hat it kolleezje dizze ynformaasje efter hâlden? 2. Is it kolleezje ree om it folsleine oersicht tariven 2022 likegoed, krekt as yn 2021, te publisearjen. Tink dêrby oan in advertinsje yn de Hús oan Hús kranten en streekrjocht oan alle belestingplichtigen fia mijnoverheid.nl ? 3. Én set it kolleezje de tariven tenei, krekt as yn 2021, daliks op de oanslach gemeentlike heffingen en of yn de ynformaasjebrief ?
1
2