CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

4. FNP I debâkle mei akwadukt A7 Snits-De Jouwer

Raadsvergadering 22 december 2022, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Aangekondigde vragen300 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragenhealoere (kêst 36 RvO) Fan

:

FNP Súdwest-Fryslân, Sicco Rypma

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Ûnderwerp

:

Debâkle mei akwadukt A7 Snits-De Jouwer

Datum riedsgearkomste

:

Tongersdei 22 desimber 2022

Oanlieding: -

Rykswettersteat hat 14 desimber de A7 tusken Snits en De Jouwer yn beide rjochtingen ôfsletten omdat de flier fan it akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal ûnferwachts nei boppe kaam is 1).

-

Omdat de rykswei A7 troch it akwadukt no net brûkt wurde kin, is it smoardrok mei ferkear yn de doarpen rûnom Snits 2).

-

De ferwachting is dat it probleem mei it akwadukt net op koarte termyn ferholpen wurde kin en de ferkearsoerlêst ek salang oanbliuwt.

-

De FNP hat grutte soargen oer de gefolgen fan de hiele situaasje. Mei namme oer de ferkearsfeiligens foar ynwenners fan de omlizzende doarpen. Mar ek oer de hinder dy’t bedriuwen en helptsjinsten ûnderfine.

1)

Omrop Fryslân 14 desimber 2022: ‘A7 tusken Snits en De Jouwer bliuwt foarearst ticht troch omheechkommend asfalt’; 15 desimber 2022: ‘Problemen akwadukt A7 grut riedsel foar Rykswettersteat’. 16 desimber 2022 Ljouwerter Krante: ‘Verkeersader A7 tussen Joure en Sneek nog maanden onbegaanbaar: 'Was een waterballet geworden zonder zandzakken'.

2)

Fragen: 1) Hat it kolleezje streekrjocht kontakt mei Rykswettersteat oer dizze ûntstiene situaasje? 2) Is der ienich sicht op wannear‘t de rykswei A7 by Twellingea wer iepen kin? 3) Hoe wurdt - bygelyks troch plysje en of ferkearsdeskundigen - ynspile op de nij ûntstiene ferkearsstreamen kwa ferkearsfeiligens en oerlêst op de omliedingsrûtes troch de doarpen. En wurde routes foar helptsjinsten goed organisearre? 4) Wurde de oare fiif akwadukten yn ús gemeente no ek ûndersocht op ferburgen gebrekken? (Houkesleat Snits, Ie Wâldsein, Galamadammen Koudum, Jeltesleat Hommerts, Geau Snits) 5) Wat docht it kolleezje, en hat it kolleezje dien, om it reparearjen fan it akwadukt de heechste prioriteit te jaan yn De Haach?

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/12233700/1