CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

4. FNP, GL I Sierteelt ferbod

Raadsvergadering 5 maart 2026, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Aangekondigde vragen413 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Aktuele fragen (kêst 33 RvO) Fan

:

Tsjerk Bouwhuis – FNP GL

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Underwerp

:

Sierteelt ferbod

Datum riedsgearkomste

:

05-03-2026

Oanlieding: De FNP hat de ôfrûne perioade twa kear amtlike fragen steld oer de mooglikheden om sierteelt yn ús gemeente te beheinen of te ferbieden. Dat hawwe wy dien om earst de feiten helder te krijen. Dêrút docht bliken dat der juridysk romte is om by de aktualisaasje of it feechplan fan it Omjouwingsplan keuzes te meitsjen. Dizze fragen binne ûntstien omdat wy sjogge en hearre dat der ûnder ús ynwenners soargen libje oer it gebrûk fan bestridingsmiddels by de sierteelt, benammen yn ferbân mei wetterkwaliteit en sûnens. Ek de ôfrûne dagen wie dat te lêzen yn de Ljouwerter krante, mei de kop: “Hoe houd je het dorp gezellig als je leliezorgen hebt” en it fetdrukt sitaat: “Spreek de politiek aan.” Wy hearre dy oprop. Mar wy sjogge ek de oare kant fan it ferhaal, hoe kinst op in ferantwurde biologyske wize omgean mei dizze teelt? Hoewol der noch gjin slutend bewiis is, wurde sykten as Parkinson, ALS en Alzheimer yn ferbân brocht by it gebrûk fan bestridingsmiddels yn dizze sektor. Dat makket dat minsken har soargen meitsje. Op dit stuit is sierteelt noch mar beheind oanwêzich yn Súdwest-Fryslân. Mar wy sjogge om ús hinne dat oare gemeenten maatregels nimme. Dat kin betsjutte dat bedriuwen útwykje nei gemeenten dêr’t noch gjin dúdlik belied is. Dat kinne wy foarkomme troch no dúdlik fêst te lizzen wat wy yn Súdwest-Fryslân wol wolle.

Ut de antwurden op de amtlike fragen docht bliken dat it de bedoeling is om in ferbod op sierteelt mei te nimmen yn it feechplan dat noch folgje sil op it Bestimmingsplan Bûtengebiet Súdwest-Fryslân. De FNP is wiis mei dy amtlike rjochting, mar wol no ek fan it kolleezje witte oft sy op deselde rûte sit en ree is om dit ferbod ek polityk foar te lizzen. Fragen: 1. Is it kolleezje ree om by it kommende feechplan fan it Bestimmingsplan Bûtengebiet in ferbod op sierteelt op te nimmen, lykas yn de amtlike rjochting oanjûn is? 2. Op hokker wize wol it kolleezje de mooglike biologyske inisjativen belûke by de tarieding fan it feechplan? 3. Is it kolleezje ek fan miening dat no it juste momint is om dúdlikheid te jaan oan de sektor en ynwenners no’t sierteelt yn ús gemeente noch beheind foarkomt en wy foarkomme kinne dat wy achter de feiten oanrinne?

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/16676839/1