CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

4. 2025-01-27 CDA I arbeidsmigranten wenning opkeapje troch koöperaasjes

Raadsvergadering 30 januari 2025, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Aangekondigde vragen357 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTELIKE FRAGEN (kêst 32 RvO) Fan

:

Jos de Boer CDA SWF

Datum fan yntsjinjen

:

27-01-2025

Oan

:

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders

Ûnderwerp

:

arbeidsmigranten wenning opkeapje troch koöperaasjes

Wize fan beäntwurding

:

Mûnling (earstfolgjende riedsgearkomste)

Datum tuskentiids antwurd (as it fan tapassing is)

: : :

Datum beantwurding

:

Taljochting: Yn ús gemeente sjogge wy in tanimmend tal reguliere wenten dy't opkocht wurde troch bedriuwen en omset yn keamers foar (har eigen) arbeidsmigranten. Dit kin liede ta oerbewenning, leefberensproblemen yn wiken en in tekoart oan wenningen foar reguliere ynwenners. Der liket op dit stuit gjin dúdlik belied te wêzen om dizze situaasje te regulearjen of om alternative húsfestingsoplossings te befoarderjen. Dêrom hawwe wy in pear fragen oan it kolleezje oer dizze problematyk. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen te beantwurdzjen: 1.

Hat it kolleezje ynsjoch yn it tal arbeidsmigranten dat op dit stuit yn Súdwest-Fryslân ferbliuwt? Sa ja, hoefolle binne dat der? Stean dizze ek yn skreaun yn de BPR? En ûntfangt de gemeente dêrtroch ek ferbliuwsbelesting of ryksútkearing o.i.d. Antwurd:

2.

Is by it kolleezje bekend yn hokker en hoefolle wenten of ferbliuwsplakken dizze arbeidsmigranten húsfeste binne? Sa net, wat is de reden dat dit net folslein yn byld is? Antwurd:

3.

Dielt it kolleezje de soarch dat it ombouwen fan reguliere wenten ta tydlike keamers foar arbeidsmigranten ta skea giet fan de wenningfoarried foar ús eigen ynwenners? Kin it kolleezje hjir ek wat oan dwaan? bgl. Reguliere huzen inkeld it bestimmingsplan feroarje fan “ wenjen ” nei wenjen foar in húshâlding (Gezin/familie van aard) Antwurd:

1

4.

Hokker alternative lokaasjes of gebouwen sjocht it kolleezje as geskikt foar it húsfestjen fan tydlike arbeidsmigranten, sadat reguliere wenten beskikber bliuwe foar eigen ynwenners? Is in tydlik ferbliuwplak op bedriuweterreinen in opsje? Antwurd:

5. 5Wurdt it omsetten fan pannen nei keamerbewenning troch eigeners meld by de gemeente? Jildt .dêrfoar in fergunnings – of meldingsplicht? Antwurd: 6. 6Is der sicht op hoefolle dagen yn it jier dizze wenten bewenne binne? . Antwurd: 7. 7Yn hoefier binne de pân eigeners fan dizze wenningen te berikken foar meldingen fan bygelyks .efterstallich ûnderhâld of oerlêst? Antwurd:

Tuskenantwurd (as it fan tapassing is):

2

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/15101963/3