CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

29. Moasje FNP, VVD, PvdA, PoieszZijlstra, D66, GL, GBTL, CU I bernehertsjirurgy UMCG Grins

Raadsvergadering 3 februari 2022, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Moasje FNP, VVD, PvdA, PoieszZijlstra, D66, GL, GBTL, CU I bernehertsjirurgy UMCG Grins474 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE (kêst 31 RvO) Moasje oer in net op de aginda opnommen ûnderwerp. Fan

:

Jikkie Ruiter, FNP Súdwest-Fryslân VVD, PvdA, PoieszZijlstra, D66, GL, GBTL, CU

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Ûnderwerp

:

Behâld bernehertsjirurgy UMCG Grins

Datum riedsgearkomste

:

3 febrewaris 2022

It beried heard; yn betinken hâlde dat: − It kabinet foarnimmens is de ôfdieling bernehertsjirurgy yn it UMCG Grins te sluten en ek de operaasjes foar folwoeksenen mei mear komplekse hertôfwikings te konsintrearjen op twa plakken yn Nederlân, te witten it UMC Utrecht en it Erasmus MC yn Rotterdam; − It kabinet en syn adviseurs har benammen basearje op arguminten op it mêd fan effisjinsje, doelmjittigens, kosten en soarchkwaliteit; Oerwaagjend dat: Der sadwaande te min in ôfwaging makke wurdt wêryn it perspektyf en de belangen fan de (jonge) pasjinten en harren âlden sels swier meitelle; De berikberens en beskikberens fan essensjele soarch yn de regio, regionale sprieding, net lykje te tellen; Mei it ferdwinen fan de berne- en komplekse hertsjirurgy net allinnich essensjele hertsoarch út it Noarden ferdwynt; it slacht ek in gat yn de multidissiplinêre soarchferliening fan it sikehûs; Foar âlders fan bern en de bern sels it ûndergean fan in operaasje en alle byhearrende ûndersiken, kontrôles en neisoarch mei sa’n lange reistiid in enoarme belesting is boppe-op de soargen dy’t hja dochs al hawwe; De berikberens fan essensjele soarch foar de doelgroep hertpasjinten yn it Noarden slim ûnderstek dien wurdt; mei in striel fan 100 km om elts spesjalisearre akademysk sikehûs sil in grut part fan Nederlân aanst net mear binnen in akseptabele reisôfstân betsjinne wurde.

Fierder oerwaagjend dat: Der in breed maatskiplik ferset tjin de foarnommen sluting fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG en konsintraasje yn de Rânestêd op gong kommen is, blikend út 259747 hantekeningen (stân 27 jan 2022) ûnder de petysje ‘Laat UMCG een (kind)hartcentrum blijven’ en tal fan stikken yn de parse; Der in breed maatskiplik ferset tsjin de foarnommen sluting fan it sintrum foar bernehertsjirugy fan it UMCG en; Der op polityk nivo ûnderwilens alle war dien wurdt foar it behâld foar de regio fan de bernehertsjirurgy by it UMCG, bygelyks mei in brânbrief oan de minister fan VWS út namme fan alle politike partijen yn Provinsjale Steaten fan Grinslân, Fryslân, Drinte, Oerisel en de gemeenteried fan Grins;

Diktum: − fersiket it kolleezje: Om ek op bestjoerlik nivo, yn oparbeidzjen mei UMCG, de bestjoerlike partners yn Noard-Nederlân en oare belutsenen, rjochting it Regear en 2e en 1e keamer alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins; − Om de ried op de hichte te hâlden fan de fuortgong; en giet oer ta de oarder fan de dei. Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten

……………………………………………… Griffier

Stimferhâlding CDA Foar Tsjin

PvdA

FNP

VVD

GBTL

GL

CU

D66

De Wind

Semplonius

Poiesz Zijlstra

Nieuw Sociaal

TOTAAL

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/11117884/1