CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

26. Moasje FNP, Greidanus, PvdA, CDA I mediation foar starterswenningen Raerd

Raadsvergadering 18 november 2021, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Aangekondigde moties495 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

GREIDANUS

MOASJE (kêst 31 RvO)

Moasje oer in net op de aginda opnommen ûnderwerp. Fan

:

Tsjerk Bouwhuis -FNPGreidanus, PvdA, CDA

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Ûnderwerp

:

mediation foar starterswenningen Raerd

Datum riedsgearkomste

:

18-11-2021

It beried heard; yn betinken hâlde dat: − Jongerein de takomst en de leefberens foarmet fan doarpen en steden wer se opgroeid binne. − it kolleezje op 10 decimber 2013 besluten hat premediation te ymplemintearjen yn de organisaasje. Fan 2019 ôf is Pleatslik Belang Raerd dwaande om betelbere keapwenningen te realisearjen op it lege perseel oan de Sélânswei yn Raerd. Pleatslik Belang is tegearre mei de grûnbesitter, bouwer en arsjitekt yn alle iendracht útein setten foar sosjale keapwenningen foar de jongerein út Raerd. Belangrike winsk fan Pleatslik Belang wie om in maksimale priis fan €150.000 per wenning fêst te hâlden. It die bliken dat dit realistysk wie, want der waard oer huzen praten mei mar in wen-opperflakte fan 48m2. Begjin dit jier is der dochs noch in priis ferheging fan 10K kommuniseare mei it Pleatslike Belang yn ferbân mei oprinnende prizen fan de boumaterialen. Spitich, mar wie te oersjen. Pleatslik Belang hie 13 serieuze belangstellenden foar de 7 huzen, wêrûnder startende jeugd en ek âlderein út it doarp. Mar in wike foar de projekt presintaasje die bliken dat de ferkeappriis oprûn wie nei 195.000/208.000 yn stee fan 160K. By neifraach troch Pleatslik Belang oan de belangstellenden joech elk oan dizze priisferheging net betelje te kinnen. It doarp het no in Plan B en kin mei in oare bouwer goedkeapere wenningen delsette fan rûn de 165.000.

Mar dan moat de grûn foar de selde priis oerdrûgen wurde en moat de bouwer fan no it projekt oerdrage oan de nije bouwer. De grutte opkomst fan it wenprotest fan snein 24 oktober yn Raerd hat dúdlik makke dat it doarp der net út komme kin mei de grûnbesitter, bouwer en arsjitekt. En dizze boadskip is nochris dúdlik oerbrocht toch it Pleatslik Belang by ‘Ynwenners oan it Wurd’ op 3 novimber yn de Riedsseal. Der is in oprop dien foar mediation ta in akseptabelle oplossing. De oprop hat net lieden ta in konkrete aksje fan ik kolleezje en dat is spitich want de gemeente, en dermei ek de ynwenners, hat der alle belang by in breed droegen plan yn stee fan in bouplan wêr it doarp net efter stiet. En dêrom fine de yntsjinjende partijen dizze moasje nedich. Bron: Omrop Fryslân 24-10-2021 - Raerd wol politike en juridyske aksje tsjin te djoere hûzebou

Diktum: − fersiket it kolleezje mei maksimale ynspanning mediation tusken de bouwer, arsjitekt, grûnbesitter en Pleatslik Belang Raerd te organisearjen. Om ta in lokaal droegen plan te kommen oan de Sélânswei yn Raerd. En om uterlik ein jannewaris de ried te ynformearjen. en giet oer ta de oarder fan de dei.

Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten

……………………………………………… Griffier

Stimferhâlding CDA Foar Tsjin

PvdA

FNP

VVD

GBTL

GL

CU

D66

De Wind

Semplonius

Poiesz Zijlstra

Greidanus

TOTAAL

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10804150/1