CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

25. TV CIE FNP I antwoorden

Raadsvergadering 21 december 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Sport- en beweechfyzje ‘Sport ferbynt, de krêft fan bewege 2024+’491 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Thea Hoekstra : FNP

Kommisjegearkomste BM Datum

: woansdei 6 desimber 2023

Agindapunt

: 10

Underwerp

: Sport- en beweechfyzje “Sport ferbynt, de krêft fan bewege 2024+”, agindapunt

1.Fraach 1

Ynsette op kwetsbere groepen, side 16 Yn de beliedsfyzje “Sport ferbynt, de krêft fan bewegen” stiet by 3.2 dat der spesifyk op in oantal groepen ynset wurdt om sport- en beweechdielname te fergrutsjen. Dat binne minsken mei net folle leefjild, minsken mei in beperking, minsken mei sûnensklachten en minsken mei kwetsbere mentale sûnens. Der binne fansels mear doelgroepen dy’t ûnder it kopke kwetsbere groepen falle kinne. Bygelyks troch de tanimmende behannelmooglikheden binne der hieltyd mear minsken dêr’t genêzing net mooglik is wylst sy harren fysyk faak noch goed fiele. Is de doelgroep groanysk sike minsken yn ús gemeente ek ûnderdiel fan de sport- en beweechfyzje fan de gemeente? Sa ja, ûnder hokker doelgroep falle se dan? Sa nee, hoe wurdt der dan kwa beweging ynsetten op minsken mei in slimme (groanyske) sykte. Antwurd: De missy fan dizze beliedsfyzje is om alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân in libben lang yn beweging te bringen en hâlden. Dochs is de (lanlike) trend dat minsken minder bewege. Dat jildt einlik foar alle leeftydskategoryen. Wy sette dan ek by alle leeftydskategoryen yn op mear bewege. In pear groepen minsken beweecht minder, of sels hast hielendal net. Dat binne minsken mei in beheining, minsken mei in legere sosjaal-ekonomyske status en minsken mei in migraasje-eftergrûn.

Ut lanlik ûndersyk hat bliken dien dat minsken yn dizze groepen mear drompels fiele om te sporten en bewegen. Foar dizze groepen minsken is it fan belang om safolle as mooglik drompels fuort te nimmen, sadat dizze minsken ek mear yn beweging komme kinne. Op haadlinen sette wy ekstra yn op de neikommende groepen:

- Minsken mei in lyts bytsje leefjild (troch eftergrûn, oplieding en ynkommen); - Minsken mei in beheining; - Minsken mei in (ferhege risiko op) sûnensklachten (û.o. âlderein); - Minsken mei in kwetsbere mentale sûnens. It beweechteam Súdwest-Fryslân wurdt ynset foar it útfieren fan it sport- en beweechbeleid, as it giet om it yn beweging bringen fan minsken mei sport en beweechaktiviteiten. Groanysk sike minsken behearre ta in doelgroep fan minsken dy’t minder bewege. Se bewege yn de regel minder as net-groanyske sike minsken. Foar in diel falle minsken mei in groanyske oandwaning ûnder de groep minsken mei sûnensklachten. Benammen minsken dy’t âlder wurde hawwe mear te krijen mei groanyske oandwanings. Yn de fyzje wurdt de doelgroep fan groanysk sike minsken net eksplisyt beneamd. Foar dizze spesifike doelgroep is maatwurk nedich. Ut de sûnenssoarch wei wurdt hjir aksje op ûndernommen, mei bygelyks fysioterapeuten. Mar ek troch betûfte trainers, dy’t spesjalisearre binne yn dizze doelgroep. It is fan belang dat soarch en oanbod yn sport- en beweechaktiviteiten op elkoar ôfstimd wurde. De beweechcoach fan it beweechteam kin dêrby in ferbinende rol spylje, as it om oanbod en maatwurkaktiviteiten giet.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/13581235/2