22. TV FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Trijntje Albada FNP
Kommisjegearkomste Datum:
08-12-2021
Agindapunt:
9
Underwerp:
Feroardering maatskiplike stipe gemeente SWF 2022
Fraach: Wat wurdt bedoeld mei ‘financieel gedragen kan worden met en inkomen op minimum niveau’? Wêr wurdt dit minimum nivo op basearre? Kin hjir in konkreet bedrach oanjûn wurde? Antwurd: Yn de taljochting op de Feroardering wurdt by artikel 1 oanjûn wat hjirûnder ferstean wurdt en wêrop’t de hichte fan it minimumnivo basearre is: dat “de kosten van de voorziening kunnen worden gedragen met een inkomen op minimumniveau. Een inkomen op minimumniveau is een inkomen ter hoogte van de van toepassing zijnde bijstandsnorm (zie artikel 20, 21, 22 en 23 van de Participatiewet)”. De hichte fan de bystânsnoarm wurdt elk healjier bysteld. Op dit stuit is de bystânsnoarm foar in echtpear € 1.463,95 (eksklusyf fakânsjetaslach). Fraach: Hokker noarmenkader fan HHM is fêststeld? As it giet oer ‘Normenkader Huishoudelijke Ondersteuning 2019’ binne dan de útgongspunten dy’t yn belied ferankere wêze moatte om hjir mei wurkje te kinnen allegear opnommen? Graach útlis hjiroer.
Antwurd: It ‘HHM normenkader Huishoudelijke Ondersteuning 2019’ is op 7 septimber 2021 troch it kolleezje fêststeld. Yn it bestek foar de oanbesteging Wmo is al nei dit noarmenkader ferwiisd, yn de feroardering is it no opnaam en yn de ‘Nadere regels’ wurdt it noarmenkader fierder útwurke. Dêrmei is it ferankere yn it belied. Fraach: Hoe sjocht it ûndersteuningsplan der út, sil der wurke wurde mei OZO verbindzorg? Antwurd:
It stipeplan wurdt tegearre troch de gebietsteammeiwurker en de ynwenner opsteld. Dêryn komt te stean hokker doelen en/of resultaten der helle wurde moatte yn hokker termyn en hokker foarsjenning/stipe dêrfoar nedich is. Nei ûndersyk is advisearre net te wurkjen mei OZO verbindzorg. Fraach: Wat wurdt bedoeld mei ‘gebruikelijke hulp’? Wy lêze hjir neat oer (sjoch: ECLI:NL:CRVB:2018:3243, Centrale Raad van Beroep, 17/4862 WMO15 (rechtspraak.nl)) Antwurd: Yn de wet wurdt oanjûn wat gebrûklike help omfettet: artikel 1.1.1 eerste lid Wmo 2015: gebruikelijke hulp: hulp die naar algemeen aanvaarde opvattingen in redelijkheid mag worden verwacht van de echtgenoot, ouders, inwonende kinderen of andere huisgenoten
Yn de Nadere regels wurdt dit krekt sa’t no it gefal is fierder útwurke. Fraach: Wat is it ferskil tusken ‘PGB’ en ‘Financiele tegemoetkoming’? Graach útlis hjiroer. Antwurd: In ynwenner freget in PGB oan foar foarsjennings dy’t ek yn natuera levere wurde. In finansjele temjittekomming wurdt by spesifike oanfragen troch de gemeente útjûn. Yn dy gefallen is der net de mooglikheid om yn natuera yn de oanfraach te foarsjen. Foarbylden dêrfan wurde yn de Verordening opsomme (artikel 7, lid 3). In PGB wurdt net útbetelle op de rekkening fan de ynwenner, mar wurdt troch it kolleezje stald by de Sociale Verzekeringsbank. De ynwenner kin dernei deklaraasjes yntsjinje by de SVB foar de stipe/foarsjenning dy’t takend is. In finansjele temjittekomming is in jildbedrach dat direkt op de rekken fan de ynwenner stoarten wurdt om de kosten fan de foarsjenning - dy’t yn de feroardering neamd is - (foar in part) te kompensearjen. In oar ferskil is dat der foar in PGB in eigen bydrage jildt en foar in finansjele temjittekomming net.