CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

22. TV CIE FNP I antwoorden

Raadsvergadering 29 april 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Beskikber stelle kredyt foar oanpassing iepenbiere ynfrastruktuur en it wizigjen fan it bestimmingsplan fan Warkum605 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner:

Douwe Blom

Fraksje:

FNP

Kommisjegearkomste BF Datum:

15 april 2021

Agindapunt:

7

Underwerp: Beskikber stelle kredyt foar oanpassing iepenbiere ynfrastruktuur en it wizigjen fan it bestimmingsplan fan Warkum Fraach: Hokker wiziging fan it bestimmingsplan wurdt der beëage?

Antwurd: It giet om it wizigjen fan de bestimming fan in gebiet dat no noch de bestimming ‘Agrarische doeleinden’ hat nei de bestemming ‘Bedrijsfdoeleinden’ (en ‘Groenvoorzieningen’). It foech foar dizze wiziging is yn it no jildende bestimmingplan troch de rie by ús kolleezje dellein. Fanôf freed 2 april oant en mei tongerdei 13 maaie 2021 leit it ûntwerp fan it bestimmingsplan (wizigingsplan ‘Workum – Uitbreiding FrieslandCampina’) op besjen. It is te besjen op www.ruimtelijkeplannen.nl ûnder Planidentifikaasjenûmer NL.IMRO.1900.2020westWPfrlcampi-ontw Fraach: Graach sjocht de FNP in kaart fan it plangebiet tafoege by de stikken fan dit riedsfoarstel mei dêr op it perseel of perselen wêr’t de beëage wiziging fan it bestimmingsplan op fan tapassing is.

Antwurd: It stik fine jo as taheakke by dizze reaksje. Fraach: Ek graach oanjaan op ’e ’e kaart wêr it beëage frijlizzende fytspaad komt te lizzen.

Antwurd: Hjirfoar is in oare kaart beskikber. Hjirop steane it frijlizzende fytspaad, de rekonstruksje fan’e Parallelwei en de rekonstruksje fan de krusing fan it fytspaad mei de Lutswei. Dizze kaart is by dizze reaksje taheakke (‘Tekening aanpassing infrastructuur Parallelwei FC’ ‘Voorlopig concept’). Fraach: Hoe wurdt de feiligens fan fytsers en fuotgongers fan en nei it treinstasjon boarge?

Antwurd Op dit stuit leit der allinnich in fytspaad en fuotpaad lâns de Spoardyk nei it treinstasjon. Dit bliuwt yn de nije situaasje gelyk. Wol wurdt de bocht/krusing by it stasjon/Lutswei oanpast. It fytspaad wurdt trochlutsen en krijt

dêr foarrang op it krusende ferkear mei de Lutswei. Dat stikje krijt in reade kleur om it ferbliuwsgebiet oan te jaan. Dit is feiliger foar fytsers en fuotgongers. Sjoch foar de ynrjochting op de taheakke kaart (‘Tekening aanpassing infrastructuur Parallelwei FC’ ‘Voorlopig concept’). Foar fytsers fan en nei It Heidenskip sil in frijlizzend fytspaad lâns de Parallelwei oanlein wurde. Dit is in ferbettering foar de ferkearsfeiligens omdat fytsers en fuotgongers dan net mear op de dyk hoege te kommen. Fraach: Is yn de anterieure oerienkomst it ûnderhâld fan it frijlizzende fytspaad meinommen?

Antwurd: Nee. Fraach: Ut it riedsfoarstel wurdt net alhiel dúdlik wat de nije oan- en ôffierrûte fan de tankauto’s wêze sil. Graach in taljochting.

Antwurd: De yn- en útrit foar de molkweinen fan de Parallelwei nei it it fabryksterrein leit healwei de Parallelwei. De measte molkweinen sille oer de Spoardyk hinne en wer werom ride, lâns it stasjon oer de Parallelwei. Fierder sille der noch molkweinen fanút en nei It Heidenskip ride en kin in inkele molkwein fanút de rjochting Nijhúzum komme (Trekwei, Fabrykswei, Spoardyk, Parallelwei). Fraach: Is/bin de brêge(n) oer de Horsa nei de Parallelwei berekkene op de taname fan de ferkearsdruk? En is dat ek fêststeld? Fansels yn it bysûnder de taname troch it tal (swiere) tankauto’s.

Antwurd: Ja. De brêge by it stasjon is yn 2009 yn it ramt fan ‘Het Friese Merenproject’ folslein fernijd en takomstbestindich makke om ek swier ferkear oan te kinnen. In molkwein hat in maksimale aslêst fan 12 ton. Dizze aslêst is foar dizze brêge gjin probleem. De brêge oer de Horsa by de Eniggabuorren kin dizze aslêst ek oan. Boppedat is mei FrieslandCampina besprutsen dat it bedriuw ynstruksjes jaan sil oan de sjauffers om dizze brêge net te brûken. Fraach: Yn it riedsfoarstel wurdt steld dat de “Grondverwerving Prorail” yndikatyf begrutte is. Foar wa is in eventuele tsjinfaller op dit flak?

Antwurd: Foar FrieslandCampina.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10024157/4