CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

22. Moasje FNP, PvdA, CU, CDA, D66, Greidanus, PoieszZijlstra, De Wind I wenningkrapte Súdwest-Fryslân

Raadsvergadering 18 november 2021, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Aangekondigde moties279 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

GREIDANUS

MOASJE (kêst 31 RvO)

X

Moasje oer in net op de aginda opnommen ûnderwerp.

Fan

:

Sicco Rypma, FNP Súdwest-Fryslân PvdA, CU, CDA, D66, Greidanus, PoieszZijlstra, De Wind

Oan

:

De foarsitter fan de ried

Ûnderwerp

:

Wenningkrapte Súdwest-Fryslân

Datum riedsgearkomste

:

Tongersdei 18 novimber 2021

Ynlieding Folkshúsfêsting is in kearntaak fan de gemeente. Sjoen de hjoeddeiske wenningkrapte is der alle reden ta om op koarte termyn offisjele wetlike ynstruminten, om de wenningmerk yn Súdwest-Fryslân oan te stjoeren, yn te setten. We tinke hjirby oan in húsfêstingsferoardering mar ek oan bestimmingsplannen, opkeap beskerming, wet toeristyske ferhier wenromte, selsbewenning, feroardering leechstân ensf. Mar ek oan de eigen wenfisy, it grûnbelied en ôfspraken mei korporaasjes. Of eigen inisjativen sa as CPO Collectief Particulier Opdrachtgeverschap wêrby selsbouwers mei-inoar eigen huzen bouwe. Mei as doel doelgroepen sa as starters, trochstreamers, nijbouwers en senioaren te betsjinjen. En, hiel wichtich, dat it de leefberens fan de kearnen tegoede komt. It kolleezje sil dêrta de ried earst ynformeare moatte hokker ynstrumint(en) foar ús gemeente tapast wurde kinne en al wurde en op hokker termyn. Yn betinken hâlde dat: − De wenningmerk yn SWF swier ûnder druk stiet − Wetlike ynstruminten om de wenningmerk oan te stjoeren beskikber binne − De ried deskundige en folsleine ynformaasje fan it kolleezje ûntfangt oer dizze wetlike ynstruminten Diktum: − Fersiket it kolleezje om begjin 2022 de ried te ynformearen oer de tapassing fan de wetlike ynstruminten, wêrûnder de húsfêstingsferoardering, om de krapte op de wenningmerk oan te pakken. en giet oer ta de oarder fan de dei.

Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten

……………………………………………… Griffier

Stimferhâlding CDA Foar Tsjin

PvdA

FNP

VVD

GBTL

GL

CU

D66

De Wind

Semplonius

Poiesz Zijlstra

Greidanus

TOTAAL

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/10804148/1