21. TV FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter Postma FNP
Kommisjegearkomste
BM
Datum:
08-12-2021
Agindapunt:
8
Underwerp:
Feroardering materiële en finansjele lykstelling ûnderwiis en bijlage ( útfiering Voorziening Specifieke Uitkering Ventilatie in Scholen /SUVIS)
Fraach: - Binne der noarmen fêststeld wêr de fentilaasje yn de skoallen oan foldwaan moat om besmetting fan personiel en learlingen mei COVID -19 foar te kommen? - Sa ja, wurdt op basis fan dizze noarmen fêststeld of in skoalle fergoede wurdt? - Sa nee, op basis fan hokker noarmen wurdt dan fêststeld of in skoalle rjocht hat op fergoeding?
Antwurd: - Nee, dy binne der net. - Yn de SUVIS-regeling binne easken/noarmen opnommen foar fentilaasje, al is der oant no ta net oantoand dat dizze SUVIS-regeling in gar6ansje is dat besmetting te foarkommen is. Fraach: - Troch wa en hoe wurdt it binnenklimaat fan de skoalgebouwen ynspektearre? En wêr wurdt op kontrolearre? Mei oare wurden, op hokker waarden wurdt de fentilaasje op skoallen goed- of ôfkard Antwurd: - Ynspeksje fynt plak mei CO2-meters (dy’t neffens de rykssubsydzje ferplicht per romte ynstalleard wurde moatte), dy’t keppele binne oan in registraasjesysteem. Fraach: - Jildt dizze SUVIS regeling ek foar pjutteboartersplakken en/of berneopfang?
Antwurd: - Nee, de regeling jildt allinnich foar besteande skoalgebouwen. Fraach:
-
Is der in ynventarisaasje fan it oantal skoallen yn SWF wat net foldocht oan de waarden ? Sa ja, hoefolle skoallen ha gjin goed binnenklimaat?
Antwurd: - Nee, dy ynventarisaasje is der net.