CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

19. TV CIE FNP I antwoorden

Raadsvergadering 23 mei 2024, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Enerzjyaginda 2024383 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Tsjerk Bouwhuis FNP

Kommisjegearkomste DSO Datum:

13-5-2024

Agindapunt:

4

Underwerp:

Energieagenda 2024

Fraach 1: Werom is der foar keazen om yn te stimmen mei de Enerzjyaginda 2024? Antwurd: Foarhinne wie it gebrûklik om de Enerzjyaginda (foarhinne: Klimaataginda) fêststelle te litten troch de ried, omdat op dizze wize de ried goed meinommen wurde koe yn de ûntwikkelingen. De Enerzjyaginda stiet op de LTA as beslútfoarmjend. Dit is de reden dat we derfoar keazen hawwe om it dit jier noch ien kear sa te dwaan. Takom jier wurdt de Enerzjyaginda yn dizze nije foarm dêrom as rapportaazje ta ynformaasje oanbean oan de ried. Underwilens binne der meardere beliedsstikken wêr’t de ried noch dit jier har kaderstellende en kontrolearjende rol op in bettere wize ynfolje kin as it giet om enerzjybelied. Yn it neijier krijt de ried fierdere útgongspunten foar it ferfolch fan de enerzjytransysje yn Súdwest-Fryslân. Dat bart yn de foarm fan de ‘ Kontoerennotysje enerzjyboarnen’ en de ‘ Werijking van it sinnepanielenbelied’. Der wurdt noch in ynformearjende gearkomste organisearre foar de ried oer alle ûntwikkelingen, inkl. weten regeljouwing.

Fraach 2: Welk beslút nimt de ried mei it ynstimmen fan dizze aginda? Antwurd: De fraach is oft de ried him fine kin yn de keazen rjochtingen en hjir noch oanfollingen op hat. Yn de Kontoerennota komme alle fragen en útgongspunten wiidweidich oan bod. Fraach 3: Is it net logischer om de Enerzjyaginda 2024 ta kundskip oan te nimmen? sa nee, werom net? Antwurd: Ja, it is logysker om de Enerzjyaginda foar kundskip oan te nimmen. Dochs ha we derfoar keazen om (as tuskenstap) it foar dizze ferzje noch sa te dwaan. Sjoch foar útlis antwurd op fraach 1.

Fraach 4: Enerzjyaginda 2024 blz5 “Het opwekken van duurzame warmte gebeurt nog weinig. De grootste bijdrage aan duurzame warmteopwekking zijn houtkachels”. Kin útlein wurde werom in houtkachel duorsum is? Antwurd: Súdwest-Fryslân hat gjin stânpunt formulearre oft sy houtkachels duorsum achtet of net. Yn de maatskippij rinne de mieningen dêroer útinoar. By gebrek oan in stânpunt (of beliedsline) folgje wy de lanlike definysjes sa 't dy hantearre wurde yn de Landelijke Klimaatdatabank. By de ‘ Kontoerennotysje enerzjyboarnen ’ wurde útgongspunten foar beliedskarren en definysjes yn it neijier oan de ried foarlein. Dêrby wurde houtkachels en oare biomassa oplossings belutsen.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/14142882/2