CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

17. TV CIE FNP - antwoorden

Raadsvergadering 10 juli 2025, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Bestjoersrapportaazje jannewaris, febrewaris, maart 2025711 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Douwe Blom : FNP

Kommisjegearkomste/Ried

: Kommisje Bestjoer en Finânsjes

Datum

: 26 juny 2025

Agindapunt

:9

Underwerp

: Bestjoersrapportaazje

1.

Side 51, ûnder “Overige Zaken/Groot onderhoud bibliotheek Sneek” lêze we dat pas ûnder de útfiering die bliken dat alle ruten, doaren en kezinen oantaast binne troch houtrot. En dat ferfanging needsaaklik is. Hoe is it mooglik dat dit net foarôf oan it ljocht kommen is? En bin der mear gemeentlike pannen wêrfan de technyske steat mooglik minder is dan ferwachte? Antwurd: Ferline jier is grut ûnderhâld oan de biblioteek úteinset yn kombinaasje mei in ferduorsuming. Underdiel fan de wurksumheden oan de biblioteek wie it ferfangen fan alle ruten. Foar in part wie dat noch in inkelde beglêzing en foar in part wie dit âlde HR beglêzing út 1985. Dizze âlde beglêzing is ferfongen troch HR ++ en it inkelde glês troch fakuüm beglêzing. Hjirfoar is it hiele pân foarsjoen fan in fêste steger sadat men oeral goed bykomme koe. Der wie rekken hâlden mei in foarse post oan houtrot herstel. By neiere ynspeksje fan de hegere lizzende dielen, mei help fan de steger, die bliken dat de kezinen yn mindere steat wiene as foarsjoen. Der binne glêslatten fuorthelle wêrnei't bliken die dat ûnderlizzende kezinen sa min wiene dat ek dy ferfongen wurde moasten. Dêrneist kamen boukundige gebrekken oan it ljocht dy't fuortendaliks wersteld binne. It pân stiet der no foar it grutste part wer tiptop by. Fan de bûtenkant like it pân al ynoarder.

By de ferdieling fan it jierlikse ûnderhâldsbudzjet wie dit de reden dat it grut ûnderhâld oan de biblioteek útsteld is. Tsjinfallers as dizze wurde by oare gemeentlike pannen net ferwachte. Fan inkelde strategyske pannen is bekend dat der sprake is fan efterstallich ûnderhâld, yn ôfwachting fan beliedskarren oer de takomst fan dizze gebouwen. Oare gebouwen, lykas de sintrale húsfêsting, binne koartlyn folslein renovearre.

2.

Side 58, “Hoofdtaakveld Dienstverlening”, nr 12 stiet in warskôging foar in driigjende ôfwiking mei ferslechtering yn fergelyk mei de foargeande rapportaazje. Wat is de oarsaak fan dizze ferslechtering yn’ planning? En wat is de ferwachting foar de rest fan it jier?

Antwurd: De efterlizzende oarsaak lei yn in beheinde kapasiteit yn ferhâlding ta de prioriteiten. Foar de rest fan it jier sjocht de prognoaze der lykwols in stik geunstiger út. Yn de restearjende kwartalen fan 2025 ferwachtsje wy de neikommende resultaten te beheljen: • 95% fan de top 50 standertbrieven is werskreaun nei B 1 - nivo • Alle skriuwende teams beskikke oer in eigen taalambassadeur • Meiwurkers hawwe tagong ta in praktyske skriuwool • Der is mear kennis en bewustwurding binnen de organisaasje • It tal fragen by it KCC nimt ôf 3.

Side 84, “k. Bijdrage Sneekweek 2025” Kloppet it dat de 250k basearre is op it mearjierreperspektyf fan Stichting Sneekweek, dat de gemeente op 4 april 2024 opfrege hat by de stichting en deselde deis krigen hat? Falt dizze bydrage ûnder de subsydzjeferoardering fan Súdwest-Fryslân? Sa ja, is foldien oan de yntsjinnings - en toetsingseasken? Antwurd: De bydrage oan Stichting Sneekweek is ûnder oare basearre op de yntsjinne mearjierrebegrutting fan de stichting. Dêrneist binne der noch in tal petearen fierd en yntern ûndersyk dien, dy't de bydrage fierder ûnderbouwe. De bydrage oan de stichting is lykwols gjin subsydzje, mar in konsesjefergoeding. De Algemene Subsidieverordening is hjirop dan ek net fan tapassing.

4.

Side 84, “k. Bijdrage Sneekweek 2025” Wat is de reden dat dizze ynsidentele bijdrage net fia in riedsfoarstel mei begruttingswiziging is dien, mar no efterôf fia de Berap wurdt ferwurke? Antwurd: De reden dat hjirfoar keazen is, is omdat der op dat stuit ek al wurke waard oan in riedsfoarstel foar de takomstige bydrage oan Stichting Sneekweek. Dêrneist moast der foar de stichting gau dúdlikheid komme, sadat sy troch koene mei de organisaasje fan de Snitswike 2025.

5.

Side 84, “k. Bijdrage Sneekweek 2025” Hokker gefolgen hat it ûntlûken fan de ferskate bedragen oan de neamde posten foar de rest fan it begruttingsjier? Kinne bygelyks oare eveneminten beneidiele wurde troch dat der minder jild beskikber is foar eveneminten? Antwurd: Oanjûn is dat it giet om in foarriedige dekking. Mocht dit foar grutte problemen binnen dizze budzjetten soargje, dan sil der sjoen wurde moatte nei oare oplossings. Op dit stuit liket dat net oan de oarder.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/15727838/2