17. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Tsjerk Bouwhuis FNP
Kommisjegearkomste Datum:
18-01-2022
Agindapunt:
6
Underwerp:
Bestimmingsplan Arum – Sytzamawei 62 (nijbou basiskoalle)
Fraach: - Bij de behanneling fan it start dokumint yn maaie 2019 hat de FNP oandacht frege foar de antenne dy’t doe op de lokaasje oanwêzich wie. De wethâlder hat hjir doe ek op reageare. De antenne is noch hieltyd oanwêzich op de nije skoallokaaltsje en der is neat oer te finen yn it bestimmings plan oft dizze no ferdwine sil of net. In grutte antenne nêst in basisskoalle fielt net goed. -
Bliuwt dizze antenne stean? sa ja, wêrút blykt dat dit gjin negative gefolgen hat op de bern fan de skoalle?
Antwurd: - De antenne bliuwt net stean op dit plak. De gemeente, Doarpsbelang en Vodafone binne al efkes dwaande in nije lokaasje te finen yn de omkriten. It gemeentlik belied is om antennes net ticht op skoallen te bouwen. Sadwaande is al lang lyn mei Vodafone ôfsprutsen dat de antenne fuort moat. No mei Vodafone is de ôfspraak makke dat de antenne fuorthelle is op it momint dat wy begjinne mei it bouryp meitsen fan de grûn. De antenne stiet by de bou fan de skoalle yn it paad en kin ek net stean bliuwe op dizze lokaasje.