CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

16. TV CIE FNP Antwurden

Raadsvergadering 13 april 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Bestjoersrapportaazje novimber, desimber 2022304 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Trijntje Albada FNP

Kommisjegearkomste BM Datum:

29 maart 2023

Agindapunt:

7

Underwerp:

Bestuursrapportage november, december 2022

Op side 30 lêze wy in neidielich effekt foar Wmo. Foar spesifyk de wenfoarsjenningen wurdt it folgjende oanjûn: ‘ der hawwe in pear komplekse wenningoanpassingen west. Dit is mei in gefolch fan it lanlik belied om langer thús te wenjen op âldere leeftyd (struktureel)’. It lanlike belied komt fuort út de Wet maatschappelijke ondersteuning (WMO) die yn 2015 ynfierd is. Men soe ferwachtsje dat ek sûnt de ynfiering fan dizze wet dizze oanfragen tanommen binne. Fraach: Hoefolle fan it hjir neamde type wenning oanpassingen binne der sûnt de ynfiering fan de WMO 2015 yn it jier dien? Antwurd: It budzjet foar Wenning oanpassingen is struktureel € 500.000. Hjirûnder stiet in oersjoch fan de útjeften oan Wenning oanpassingen sûnt 2015: Jier 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022

Utjeften € 482.000 € 523.000 € 562.000 € 383.000 € 494.000 € 624.000 € 832.000 € 733.000

Fraach: Hoe falt te ferklearjen dat yn 2022 der pas in ‘ ekstra ’ taname west hat fan dizze kompleze wenningoanpassingen? Antwurd: It kin by wenning oanpassingen gean om grutte yndividuele oanfragen. De kosten binne om dy reden lestich te foarsjen. Yn de jierren 2020 en 2021 wie der in tanimming fan de útjeften, wêr’t wy op dat stuit net fan wisten as it in trend wie as net. Dat is ek sa ferwurde yn de jierrekkens fan dy jierren. No’t wy yn it tredde jier op rige boppe it budzjet útkomme, kinne wy de trend wol sjen. It tal minsken per jier dat in foarsjenning kriget fan de gemeente is de ôfrûne jierren ta naam. Dêrneist binne de gemiddelde kosten per foarsjenning ek heger, wat oanjout dat der sprake is fan djoerdere foarsjenningen as foarhinne.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/12577498/2