15. TV CIE FNP I antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Sicco Rypma FNP Súdwest-Fryslân
Kommisje DSO Datum:
Tiisdei 13 april 2021
Agindapunt: Underwerp:
7 Erfguod
Fraach 1 : - Sitaat. Beleid(suitvoering) inzake roerend materieel erfgoed, zoals schepen en immaterieel erfgoed zoals bijvoorbeeld ambachten en tradities, valt vooralsnog niet onder de eerste prioriteit van deze nota. -
Fraach. ‘Vooralsnog niet’. Is roerend en immaterieel erfguod de folgjende stap om belied te meitsjen en wannear?
Antwurd: Mei yngong fan ’e kommende beliedsperioade (2021-2026) sil it kluster erfguod mei de ôfdieling kultuer ûndersykje en fêstlizze wat nedich is kwa yntegraasje fan gemeentlik belied oangeande it materieel en ymmaterieel, replik en ûnreplik erfgoed. Wy sille besjen foar hoefier’t de ynventarisaasjes op oarder binne en oft wy noch gatten yn it belied opfolje moatte. Op side 14 fan ús Erfguodnota ûnder it kopke ‘Verankering UNESCO immaterieel en werelderfgoed’ ljochtsje wy dat ta.
Fraach 2: - Twa ferskillende benaderingen oangeande ynstellen advyskommisje. - Sitaat. Erfguodnota side 19. De gemeente zal een nieuwe gemeentelijke adviescommissie instellen. - Reaksje nota : De exercitie om te komen tot een nieuwe gemeentelijke adviescommissie is nog in volle gang. De verschillende opties worden nog onderzocht, waarbij ook contact is met andere gemeenten voor een eventuele provincie brede aanpak. -
Fraach. Wat is liedend. Wêr beslute we oer?
Antwurd: - Under de Omjouwingswet is it needsaaklik om op syn minst in advyskommisje foar monuminten yn te stellen. Dat moat klear wêze foar’t de Omjouwingswet yngiet. Wy lûke dêryn op mei ferskate oare Fryske gemeenten. Wy hawwe as kolleezje op 16 febrewaris 2021 ynstimd mei in plan fan oanpak om te kommen ta in model foar it advisearjen oer romtlike kwaliteit ûnder de Omjouwingswet (C21.000094). Wy jouwe op
koarte termyn aktive ynfo oan de gemeenteried, om’t de ried it foech hat om te beslissen oer de nije advyskommisje.