CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

14. TV CIE PvdA - antwoorden

Raadsvergadering 5 maart 2026, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Taalbelied Frysk318 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Aagje Bouwhuis : PvdA

Kommisjegearkomste

: Kommisje BM

Datum

: 18 febrewaris 2026

Agindapunt

:5

Underwerp

: Taalbelied Frysk

1.

De subsydzje foar de MTK komt fuort út de BFTK 2024 – 2028. Wat binne de finansjele konsekwinsjes foar de gemeente as dy ryks - en provinsjale middels nei 2028 ferfalle? Is de MTK-funksje struktureel boarge nei ôfrin fan de subsydzjeperioade (nei 2028)? Mei oare wurden: is it kolleezje foarnimmens de funksje ek nei 2028 fuort te setten? Antwurd: As de middels foar de MTK ferfalle, sille wy dêr as gemeente eigen middels yn stopje moatte of de funksje MTK ferfalle litte. De ynset fan de MTK wurdt jierliks monitoard en oan de ein fan de BFTKperioade folget in evaluaasje. Oan de hân fan dy monitoaring en evaluaasje kinne wy as gemeente sjen hokker mearwearde de MTK hân hat foar it Frysk, Stedsk en Hylpersk yn ús gemeente. Op dat stuit wurdt ek lanlik besletten oft de middels foar de MTK fuortset wurde of net. By it net fuortsetten fan de middels kinne wy as gemeente beslute oft wy sels de funksje trochsette wolle of net.

2.

Binne der neist de middels foar de MTK oare spesifike ynsidintele of strukturele budzjetten reservearre foar de útfiering fan dit taalbelied (bygelyks foar kommunikaasje, publykskampanje of sichtberens)? Sa ja, om hokker bedragen yn it jier giet it en wêr binne dizze opnaam yn de begrutting? Antwurd: Foar it útfieren fan ús taalbelied hawwe in lyts útfieringsbudzjet (€ 9.767 yn 2026) yn de begrutting stean. Dêrneist is der in subsydzjeregeling Frysk foar inisjativen út de mienskip wei. Wy hawwe ek sichtberens-midddels oanfrege by de provinsje op 'e hichte fan € 10.000. De kommende jierren sille wy foar ús aktiviteiten ek dy sichtberensmiddels oanfreegje (= in jierlikse subsydzjepot). Hjirûnder sjogge jo de bedraggen dy ’t yn de begrutting foar it Frysk opnaam binne en wêr’t se foar bedoeld binne.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/16617947/2