14. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Tsjerk Bouwhuis : FNP
Kommisjegearkomste/Ried
: DSO
Datum
: 18 maart
Agindapunt
:7
Underwerp
: Wenningbou ûntwikkeling Simmerfjild Makkum
1.
Om ynwenners mear kâns te jaan op in wenning yn it plak dêr’t in wenningbouprojekt ûntwikkele wurdt, kinne der ôfspraken fêstlein wurde yn de anterieure oerienkomst tusken ûntwikkeler en gemeente. Dêrby kinne ynwenners mei in sosjale en/of ekonomyske bining foarrang jûn wurde op de keap fan in wenning yn dit plan. Earder hat it kolleezje (bygelyks by Koepoort yn Starum) oanjûn dat dit no de norm is. Yn it ramt fan de kontrolearjende rol fan de ried wol de FNP dêrom graach de anterieure oerienkomst ynsjen fan Simmerfjild yn Makkum tusken de gemeente en de ûntwikkeler. Fanôf wannear kin de ried dizze oerienkomst ynsjen? Antwurd: Yn’e tekst fan it riedsfoarstel wurdt ferwiisd nei de anterieure oerienkomst as útlis op hokker wize gemeentlike kosten ferhelle wurde op de inisjatyfnimmer. De anterieure oerienkomst makket gjin diel út fan it riedsfoarstel. Dêrby komt dat it kolleezje geheimhâlding oplein hat op de anterieure oerienkomst oant 1 jannewaris 2028. De oerienkomst leit dêrom net op besjen foar de ried. Sûnder ynsjoch yn de anterieure oerienkomst kin de fraach oft ynwenners mei in sosjale en/of ekonomyske bining foarrang krije by de keap fan in wenning yn dit plan wol beäntwurde wurde. De anterieure oerienkomst is al ôfsletten mei de ûntwikkelende partij. Hjiryn is opnaam dat de ynwenners fan Makkum trije moanne foarrang krije op de oankeap fan in wenning.
Yn dizze anterieure oerienkomst is gjin ferdjipping makke foar ynwenners mei in sosjale en/of ekonomyske bining. Oer de ynhâld wie al oerienstimming mei de ûntwikkeler foardat de oanfolling oangeande ynwenners mei sosjale en/of ekonomyske bining de nije noarm waard.